Folder op webside

Grou, 30 jannewaris 2019

Ha jo ferlet fan drukte folders, dan kinne jo dy oanfreegje by de skriuwer: skriuw in mail nei bestjoer@de-strampel.frl of skilje 06-19762962.

De folder fan De Strampel kinne jo no ek delhelje fan de webside. Yn it menu stiet no in tab Folder, as jo dêr op klikke krije jo de folder yn byld.

Troch op de griene knop ûnderoan te klikken, wurdt de folder op jo kompjûter delhelle. De folder is dan te besjen mei it programma ‘Acobat Reader’ of in oar programma dat ek pdf-formaat lêze kin.

Hoe moat in koer pleatst wurde?

Grou, 29 jannewaris 2019

Dat freget immen him ôf oan wa’t Bouwe de Groot út Grou in pear kuorren levere hat.

Bouwe skriuwt:

Afgelopen week leverde ik enkele eendenkorven af in Overijsel. Men vroeg mij hoe deze op te hangen of te plaatsen. Ik verwees ze naar de site met kopje korf ophangen. Wel een summiere omschrijving maar geen foto’s helaas. Is het leuk om komende voorjaar de leden foto’s te laten insturen van het ophangen en plaatsen van eendenkorven. Hiervan dan een collage op de site te plaatsen met omschrijving.

Zomaar even een gedachte.
Vriendelijke groeten

Bouwe.

Wy ha in pear ôfbyldings taheakke oan de tekst op by Einekoer ophingje. Dat makket it wat sichtber. Fierders tinke wy dat it aardich goed omskreaun is. Mar foar suggestjes steane wy fansels altiten iepen.

As der leden binne dy’t foto’s ha fan it pleatsen fan in koer, dan meie dy dat wol tastjoere oan bestjoer@de-strampel.frl

Fan elkoar leare

Grou, 26 jannewaris 2019

Yn Bitgum kinne twa kear yn ’t jier leafhawwers trije jûnen achterinoar in koer flechtsje yn ien fan de kassen. Dat binne net allinne begjinners mar ek mear betûfte flechters. Durk Wijnia regelet reid en flaaks en dan kin fan lûns sân oant tsien oere flechte wurde. It bliuwt net allinne by flechtsjen, der wurde ek gâns ferhalen en anekdotes ferteld. Al mei al in tige gesellich basrren.

Cor Snoeij en Bonne Bruinsma fine dat Durk moaie kuorren makket. Sy woenen de keunst wolris ôfsjen fan de learmaster en skoden ek oan. It resultaat wie trije kuorren de man en in pear moaie jûnen.

Fraach en oanbod einekuorren

Grou, 23 jannewaris 2019.

Fan Bouwe de Groot út Grou krigen wy de fraach oft der op de webside ek in fraach/oanbod stean kin fan einekuorren. Bouwe wol graach in “einekoerwinkel” ha op de webside, sadat elkenien syn/har waar dêr oanmelde kin.
Dit soe betsjutte dat de webside útwreide wurde moat en dat sit der op koarte termyn net yn.

Immen dy’t einekuorren siket of dy’t kuorren ferkeapje wol, kin dit mei namme en telefoannûmer trochjaan oan de skriuwer fan De Strampel: bestjoer@de-strampel.frl; dy set it dan op de webside by Fraach en Oanbod. Belangstellenden kinne dan ûnderling kontakt mei-inoar sykje en saken dwaan.

Sutelje mei klaaikuorren

Grou, 10 jannewaris 2019

Yn ’e wintermoannen wurde ornaris de measte kuorren makke. Alteast, by Gjalt de Groot wol. Hy en syn frou Els meitsje der wol in pear hûndert. Yn syn ferhalen dy’t er rûnom yn de provinsje hâldt fertelt Gjalt hoe’t hy mei de karre achter de auto by boeren en winkels delgiet. As hy dan in boer in koer oansmarre wol, krijt hy ek wolris in snear : ”Kin dy ein sels net in plakje fine yn de natuer? Dêr is gjin koer foar nedich.” Gjalt hâldt fol en wit sa mannich koer man de man te bringen. Dat útsuteljen fan de kuorren docht Gjalt noch altiten. Sa ek op ien fan de lêste dagen fan 2018; mei in karrefracht oan kuorren en in steapel folders gie hy op ’e sutel. Wy meie oannimme dat de karre leech wie doe’t Gjalt wer werom yn Holwert wie.