Ek yn Grou de einekuorren út

Grou, 23 febrewaris 2019

Yn Grou is it wenst om en de by Sint Pitersdei (21 febr.) de kuorren út te setten. In âld Sint Piterferske seit dan ek:

Sint Pitersdei,
Dan grienet de wei,
Dan bakt mem stro,
Dan keallet de ko,
Dan leit de hin,
Dan hat de húsman it nei syn sin.

Tagelyk mei de hinnen, mitsdat der winterdeis gjin lampe yn it hinnehok barnt, begjinne ornaris ek de einen te lizzen.
Âld-skriuwer fan De Strampel Cees van der Meulen hâldt de tradysje yn eare. Hy hat al jierren in stel kuorren yn de beammen foar syn hûs oan it Nij Djip. Fannemoarn hat hy de kuorren wer ophongen.

No mar hoopje dat de einen syn kuorren útkieze. Oan it tal einen sil it net lizze, want der sit noch in hiele kloft yn it Nij Djip. Mar miskien moat hy de einen byfuorje mei wat hinnefoer, krektlyk as Jinke Kuperus wol docht, sa hearden wy hjoed op Omrop Fryslân.

Ek bingo by Jan Falkena

Oerterp, 22 febrewaris 2019

Ek yn Oerterp binne de einen los.
In opteine Jan Falkena meldt fjouwer aaien yn ‘e koer.

Wy meie derfan útgean dat op mear plakken no de einen it net langer ophâlde kinne. Meldingen bliuwe wolkom; wy kinne sa in moai byld krije fan it lizzen fan de einen.
Lykwols, wy meitsje net fan elke melding in nijsberjocht, mar de meldings sammelje wy en sille dit yn ien of twa berjochten melde.

Einen kinne no ek los yn Parregea

Aldskoat/Parregea, 21 febrewaris 2019

De einen by Parregea en omkriten kinne mar útsykje: 21 boerinnen yn Parregea ha harren enerzjy stutsen yn it meitsjen fan in koer.

Tegearre ha Lutske Visser en Gerben van der Meer de boerinnen twa jûnen les jûn yn einekoerflechtsjen/ einekoerbreidzjen.
“Op de prachtige buorkerij fan Jellie en Bauke Jansen”, seit Lutske. “Alle 21 boerinnen mei in einekoer nei hús. De einen kinne no mar los!”

Noch mear aaien

Wurdum, 21 febrewaris 2019

Bertus en Jinke Kuperus ha ek al in ein oan ‘e lêch.

Jinke skriuwt:

Ik  hie juster ek in koer mei 2 aaien, en ik hoop dat der noch mear aaien yn Fryslân opjûn wurde.
Se leine yn in âld koer fan Bertus yn ’t skiphûs, dus dûbeld ûnder dak .
Sil moarn nei mear op syk.

groet,  Jinke

De einen binne wer oan ‘e lêch

Dronryp/Grou 20 febrewaris 2019

Woansdeitemiddei 20 febrewaris kaam de earste melding fan einaaien. It wie Jehannes Van der Meer út Dronryp dy’t yn in âld jerrycan ûnder de hage twa einaaien fûn. Mei troch it moaie waar waarden de einen de lêste wiken hieltiten warberder. Sy sieten al wakker op ‘e kuorren, neffens Van der Meer.
Dizze ein hat blykber dy kuorren net goed genôch fûn…

Op 21 febrewaris leinen der al trije aaien.

Kuorkes foar sjongfûgels

Grou, 13 febrewaris 2019

Wy ha yn ús feriening in protte kreativiteit. Bouwe de Groot út Grou is ien fan de flechters dy’t altiten op syk binne nei ûngewoane kreaasjes.

Bouwe skriuwt:

Foar de ferkeap fan fûgelhokjes (kuorkes) ha ik een ferkeap-presintaasje foar yn de winkels makke: in standert mei 4 stiks derop. Ik ferkeapje per winkel dan 10 stiks foar 100 euro.

Misskien in idee foar mear flechters.

Leuk flechtsjen tusken de einekuorren troch as je even minder tiid of sin ha.
It noadige hout foar de standert ha ik fûn yn in kontener yn de buorren by winkelferbouwing, dus gjin kosten.

Wer in foarbyld fan in bydrage oan de sirkulêre ekonomy.

Bruorren Kooistra yn Friesland Post

Dokkum/Grou, 4 febrewaris 2019.

Yn it desimber-nûmer skriuwt Friesland Post oer Friezen dy’t in hiele bysûndere hobby ha yn harren frije tiid. Yn de rubryk Hobby of hartstocht? giet it oer de hobby’s fan de De Kooistra’s út Dokkum: “Zo is (…) Hendrik Kooistra geregeld bezig met het vlechten van eendenkorven.”

Hendrik fertelt ûnder oaren oer de kursussen dy’t hy jout. “We beginnen zo’n cursusdag met met een potje pruttelkoffie. We serveren er boffert bij . Zo bouw je sfeer op. De bedoeling is dat mensen aan het eind van de dag met hun eigen korf naar huis gaan. Dat is nog wel een klus. Wij doen gemiddeld een uur of drie over één korf, maar alle begin is moeilijk…”

En hoe’t hy oaren entûsiast makket foar it ambacht. “Ik heb dit van mijn broer Bouwe geleerd en die weer van Gjalt de Groot. Twee avonden per week een ook nog de zaterdagen zitten Bouwe en ik bij het houtkacheltje te vlechten. Dat zijn momenten die we koesteren.”

Te lêzen yn it desimber-nûmer 2018.