Maand: maart 2019

  • In kuorfol aaien

    door

    in

    Grou, 26 maart 2019 It is altiten wer ôfwachtsjen oft in ein jins koer útkiest foar it soargjen fan in neiteam. En as de koer dan goedkard is, is it nijsgjirrich te witten by hoefolle aaien it eintsje begjint te brieden. Cees van der Meulen wurdt ryklik beleanne foar syn krewearjen fan it meitsjen en…

  • Einekuorren mei dakbedekking

    door

    in

    Guon minsken dogge der alles oan om it de einen sa goed mooglik nei’t sin te meitsjen. Fotograaf Henk Bootsma seach dizze einekuorren mei in dakpanne yn de omkriten fan Boalsert. De ein dy’t yn sa’n koer sit, sil it moai drûch hâlde kinne en de koer is tagelyk duorsum beskerme. Oft it yn alle…

  • Brune rôt?

    door

    in

    Grou, 25 maart 2019 De kastanjes dy’t by de famylje Van der Zwaag yn de einekoer leinen binne dêr wierskynlik troch in brune rôt hinnebrocht. De foto fan de kastanjes en de keutel foar yn de koer binne foarlein oan deskundige op dit mêd Harrie Bosma. Hy komt ta de konklúzje dat de keutel fan…

  • Mear kuorren yn de Pikmar

    door

    in

    Grou, 25 maart 2019 Ferline jier is foarsichtich begongen mei it útsetten fan ien einekoer yn de Pikmar by Grou. Yn it ferline stie de mar fol mei kuorren, de lêste tsientallen jierren waard dit net mear dien. Fûgelwacht Grou hat de tradysje wer oppakt. Sjoch ek dit berjocht. De koer fan ferline jier wie…

  • Kleur fan de aaien

    door

    in

    Grou, 11 maart 2019 As reaksje op it nijs oer it swarte eine-aai krigen wy fan Bouwe de Groot út Grou dizze reaksje. De schaal is van kalk, grotendeels wordt dit opgenomen in het lichaam door het voedsel aanbod. Het donkere is Eu melanine de z.g. donkere kleurstof of lichte is Feomelanine. Vermoedelijk heeft de…

  • Fêste bewenner werom

    door

    in

    Akkrum 10 maart 2019 Hyltsje Hilverda skriuwt: Net sa betiid as dat ik ferwachte hie, neidat ik op 17 febrewaris myn koer  wer op ‘e strampel setten hie en twa dagen letter de ljochtbrune ein (fêste bewenner) al wer op en yn de koer siet, lei tongersdei 7 maart dan dochs it earste aai fan…

  • Op ‘e nij oanfretten kastanjes yn koer

    door

    in

    Ryptsjerk, 10 maart 2019 By Jan en Oatske van der Zwaag leinen op ‘e nij oanfretten kastanjes yn ‘e koer. Boppedat lei der yn de kraach fan de koer in keutel. mooglik kin dat in oanwizing wêze hokfoar bist hjir aktyf is. De fraach is: Fan hokfoar bist is sa’n keutel. Stienmurd? Dan soe sa’n…

  • Swart eine-aai

    door

    in

    Bitgummole 6 maart 2019 Dirk Wijnia hat in swart eine-aai yn ien fan syn kuorren. It is net swart fan de modder, mar de skaal is swart. Op ien fan de foto’s leit it swarte aai njonken in gewoan eine-aai út deselde koer. De fraach is no: hoe kin soks en hat immen dit faker…

  • Lolke van der Meer makket ek nêsten foar fiskearn

    door

    in

    Grou, 6 maart 2019 Lolke van der Meer út Wergea hat al in soad einekuorren makke. No hat er him ek talein op it meitsjen nêsten foar de yn ús lân seldsume fiskearn. Yn de LC fan 6 maart lêze wy it folgjende: Zal de visarend dit jaar eindelijk broeden in een van de twee…

  • Oanfretten kastanjes yn in koer

    door

    in

    Ryptsjerk 4 maart 2019 In frjemd gefal yn in einekoer by Jan van der Zwaag yn Ryptsjerk. Jan skriuwt: Op 24 febr. hie ik twa aaien yn in koer. Hjoed kontrolearre ik in oare koer by my thús. Wat die bliken, der sieten in protte útfretten kastanjes yn de koer. Hokfoar bist kin dat no…