Fêste bewenner werom

Akkrum 10 maart 2019

Hyltsje Hilverda skriuwt:

Net sa betiid as dat ik ferwachte hie, neidat ik op 17 febrewaris myn koer  wer op ‘e strampel setten hie en twa dagen letter de ljochtbrune ein (fêste bewenner) al wer op en yn de koer siet, lei tongersdei 7 maart dan dochs it earste aai fan dizze ‘polder-ein’ yn ‘e koer. Krekt as mei de ljippen, duorre it langer as ferwachte mei it waarme waar.

Op ‘e nij oanfretten kastanjes yn koer

By Jan en Oatske van der Zwaag leinen op ‘e nij oanfretten kastanjes yn ‘e koer. Boppedat lei der yn de kraach fan de koer in keutel. mooglik kin dat in oanwizing wêze hokfoar bist hjir aktyf is. De fraach is: Fan hokfoar bist is sa’n keutel. Stienmurd? Dan soe sa’n bist twa meter springe kinne. Of swimme?
Of is it dochs fan in rôt?

Foaroan de keutel en achter yn de koer de oanfretten kastanjes

Wa kin hjir mear dúdlikens oer ferskaffe?