In grutske mem mei tolve pykjes

Grou, 27 april 2019

In bysûndere Keningsdei foar Cees van der Meulen. Cees skriuwt:

Op Keningsdei swommen mem en pykjes op it Nijdjip yn Grou. It eintsje hat op fjouwer meter hichte yn de bjirkebeam by ús foar de doar soarge foar in keninklik neiteam. Mei it jerkje – no yn alle rêst – neist de mem sittend yn it lange gers flak by it wetter ferkent de famylje de omjouwing. Oan in meaner fan de gemeente hie ik frege in stik fan de gersrâne en it reid fuort te meanen om de pykjes frije baan te bieden by harren earste reis. Dat is goed slagge. Tolve pykjes, warber op syk nei iten!

By it nochris besjen fan de foto fan de ein mei de 12 piken foel my op dat der in bysûnder frjemd effekt sit yn de wetterpartij oan de boppekant. De reiden c.q. snilen wjerspegelje yn it wetter en sa liket it krekt oft de pompeblêden boppe yn it byld sweefje. Fierders binne der oan de ûnderkant opfallende kleureffekten te sjen. Net troch my ynbrocht mei fotosjop. De 7 pykjes links swimme neist harren mem, de 5 pykjes mear rjochts klatterje op it foar har grutte pompeblêd. Ek de kop fan de mem wjerspegelet yn it wetter. Al mei al in bysûnder plaatsje. (Cees van der Meulen)

De wûndere wrâld fan Madrid

Madrid/Grou, 20 april 2019.

Cees van der Meulen skriuwt it folgjende:

De wûnders binne de wrâld noch net út! Einen, nylguozzen en reidhintsjes yn it hert fan Madrid.

Wy wiene koartlyn yn Madrid, in stêd mei mear as 3 miljoen ynwenners. In soad asfalt, beton en hege huzen, gesellige terrassen, paleizen en musea, mar ek moaie parken en fansels de stadions fan de wrâldferneamde fuotbalklubs Real en Atlético. En dwers troch dy stêd streamt leaflik de rivier Manzanares. Gjin skipfeart en hannel mear op en by it wetter.

Hiel wat fûgels fiele har hielendal op har gemak op de kanalisearre Manzanares! Troch dat regele wetterbehear ûnstiene lytse en gruttere eilantsjes. Dêrop briede se yn de rûchten. Spantsjes nylguozzen binne de baas yn hiel wat fan dy nije reservaatsjes. Einen en reidhintsjes witte dochs ek plak te finen. In pear foto’s jouwe in yndruk fan de rivier mei syn bewenners.

Einekuorren yn fiver by Wetterskip

Grou/Ljouwert, 18 april 2019

By Wetterskip Fryslân binne se dwaande mei it opknappen fan de fiver by it haadkantoar yn Ljouwert. It like Harrie Bosma fan it wetterskip wol moai as der in pear einekuorren yn de fiver kamen te stean. Doe’t hy dêroer kontakt opnaam mei De Strampel wie it gau regele. Der wie noch ien koer by Durk en dy hat der doe noch twa by makke.

Op 12 april hat Harrie Bosma de kuorren sels yn de fiver setten. Twa op in strampel en ien op in buis dy’t al yn it wetter stie (sjoch foto’s).

Op 13 april stjoerde Harrie de folgjende tekst mei foto’s:

De tuin en de vijver bij het wetterskip gebouw krijgt een flinke opknapbeurt. Dit gaat hoofdzakelijk gebeuren in onze vrije tijd. Als je het over vijvers hebt, denk je vooral in het voorjaar ook aan eendenkorven. Vandaar ons contact met de Strampel.
Collega Bauke Zuiderma staat op de foto, en ik heb de foto’s genomen.
Veel succes met De Strampel.
groet Harrie Bosma. 

Doch mei en tel de einepiken

It tal briedgefallen fan de wylde ein nimt sûnt de jierren njoggentich stadichoan ôf. Yn in earder nijsberjocht ha wy dêr al ris wat oer skreaun.

Ûndersikers tinke dat te min piken folwûksen wurde. Yn de ôfrûne twa jier hat út ûndersyk bliken dien dat te min piken oerlibje om de natuerlike stjêrte te kompinsearjen. 2018 wie wol in stik better as 2017. Wierskynlik komt dit troch de bysûndere waarsomstannichheden: troch de winterynfal yn maart kamen de meast pykjes let op ’e wrâld. It waarme en drûge waar dat folge pakte posityf út. Der wie genôch fretten far de pykjes.

Dit jier binne de piken wer betiid en koe de kjeld fan de ôfrûne dagen wol ris negatyf útpakke. Om dêr achter te kommen is de help nedich fan minsken út it fjild.

Doch dus mei oan it ûndersyk fan Erik Kleyheeg. Troch it ûndersyk oer in tal jierren te dwaan, wurde de waarnimmings hieltiten weardefoller.

Mear oer dit ûndersyk is hjir te finen.

Nij libben by Jan Falkena

Oerterp, 8 april 2019

In koart en moai berjocht fan Jan Falkena:

Goeie, 
Dizze middei om kertier oer ienen de earste trettjin pykjes út de koer. 
Groetnis, Jan

Op 22 febrewaris koe Jan al fjouwer aaien melde. Dat binne der dus trettjin wurden. De pykjes binne mei waarm sinneskyn waar de wide wrâld ynsetten. Lykwols, de kommende dagen sille se gâns oare waarsomstannichheden tsjinkomme: kâld mei nachtfroast. No mar hoopje dat de ynsekten net fuortbliuwe en de pynkjes genôch fretten ha.

It bliuwt altiten wer in prachtich gesicht dat jonge libben.

Einen, piken, aaien en dakpannnen op kuorren

Wergea/Grou, 5 april 2019

Fan ‘e moarn wie Lolke van der Meer fan Wergea hjir yn Grou by Cees van der Meulen op besite. Hy fertelde it ien en oar oer einen, piken, aaien en dakpannen op kuorren.

“Op 2 april seach ik by ús yn de buert in ein mei pykjes, dat is wol hiel betiid. As ik weromrekkenje dan hat it eintsje mids febrewaris al in begjin makke mei it lizzen fan syn aaien. En wat fierder ek hiel apart is, is dat lytse aike yn ien fan myn kuorren. Fan hinnen witte we dat se oan de ein fan in lêch wolris fan dy lytse dinkjes lizze, mar by de einen hie’k dat noch nea sjoen. Dakpannen op de kuorren, ja wy tinke al gau dat dy einen dat dogge om de koer droech te hâlden, mar it soe ek wwolris sa wêze kinne dat de eigner fan de koer syn einen beskermje wol tsin rôverij. Ik ha wolris sjoen dat in earrebarre op in koer siet en war die der in gat yn te meitsjen om sa by de aaien te kommen”. 

Dat wiene samar in pear waarnimmings fan Lolke dy’t altyd tige skerp is yn it sjen fan bysûnderheden yn it fjild. (C.vd.M.)