Duorsume kuorren

Blije, 26 septimber 2019

Soms wurde âlde (molk)bussen brûkt as nêstgelegenheid foar einen. Dizze molkbussen lykje wol nij. Se kinne dan ek noch aardich wat jierren mei.

En dochs giet der neat boppe in flochten koer…

Rûpeljen kin ek útbestege wurde

Grou, 26 septimber 2019

Foardat je flaaks brûke kinne foar de lofters fan einekuorren moat der earst rûpele wurde. De siedbaltsjes mei it lynsied moat ferwidere wurde fan de flaaksstâlen.

Gjalt de Groot ferbout alle jierren in grutte partij flaaks dy’t dan brûkt wurdt foar it flechtsjen fan kuorren. It lynsied wol hy no brûke foar it parsen fan lynoalje.
Om it flaaks te rûpeljen organisearret Gjalt alle jierren in Flaaksrûpel en Ielfrettersfeest. Manmachtich wurdt der dan rûpele en nei ôfrin wurdt noch efkes noflik neisitten mei rikke iel en in slokje.

Dat rûpejen kin ek op in oare wize. Dat ûnderfûn Bonne Bruinsma, dy’t wat flaaks op syn folkstûntsje ferboud hie. Nei it lûken fan de flaaks waard dy yn skeaven op de tún setten om te drûgjen. Doe’t de flaaks fuorthelle waard wie al te sjen dat de mûzen drok oan it rûpeljen west hiene. Doe’t de flaaks yn it túnhúske setten wie, gie it rûpeljen gewoan troch.

It rûpelfeest fan de mûzen hat in pear wiken duorre, efkes langer as it rûpelfeest by Gjalt oernaris duorret. Iel en in slokje ha ha de mûzen der foar safier bekend is net by hân. Wol ha se de Japanse haver, dy’t klear lei om te siedzjen op de tún, as neigesetsje hân…

Sa hat elk syn eigen rûpelfeest.

Hobby- en vrijetijdsbeurs

Op 8, 9 en 10 novimber 2019 is der yn it WTC Expo yn Ljouwert de Hobby- en Vrijetijdsbeurs. De organisaasje wol graach ien of mear flechters op de beurs.

Plak: WTC Expo, Heliconweg 52, 8914 AT Leeuwarden

De iepeningstiden fan de Hobby- en Vrijetijdsbeurs binne:
freed: 13:00 – 21:00 oere
sneon: 10:00 – 17:00 oere
snein: 10:00 – 17:00 oere

Belangstellenden foar 1, 2 of 3 dagen kinne harren melde by:
Anouk Kuperus, WTC-Expo
Tel. 058-2941500
E-mail: info@wtcexpo.nl

https://www.hobbyvrijetijd.nl

Wêrom sjogge we no gjin jerken?

Grou, 18 septimber 2019

Om fûgels te herkennen is de tiid nei it briedseizoen net de maklikste tiid. In soad fûgels binne oan it ferfearjen: se krije in nij fearrekleed. Dêrtroch binne se no kwetsber foar rôvers. Net net frjemd dus, dat se harren in soad ferskûlje. En lûd meitsje se ek hast net. In kwetsbere fûgel wol fansels net tefolle opfalle en boppedat hoecht der gjin territorium ferdigene te wurden.

En wêrom sjonge as it pearjen net oan ‘e oarder is. Koartsein; yn de tiid fan it ferfearjen sjogge we folle minder fûgels. De fûgels dy’t we wol sjogge, sjogge der faak wat suterich út of lykje al hielendal net op de fûgels sa’t we dy kinne. Seker einen binne nei it briedseizoen dreech útelkoar te hâlden.

Skyn bedriget!

Tidens it ferfearjen tinke in soad minsken dat de jerken der net mear binne. Wol begryplik; hast nearne sjogge wy de opfallende griene koppen fan de jerken fan de wylde ein. En it liket wol oft de eintsjes krekt yn tal tanommen binne. Hoe sit dat? Gelokkich is der net in soad oan ’e hân. In soad fan dy eintsjes binne nammentlik net wa’t se lykje…
De jerken dy’t yn it pearseizoen der moai en opfallend útsjogge, ha no in uterlik dat sterk op dat fan de eintsjes liket.

De giele snaffel ferriedt dat dit in jerke is.

Eklips

In fersin is dus gau makke! Dochs binne de mantsjes en de wyfkes noch wol te ûnderskieden. Yn tsjin stelling ta dy fan de wyfkes, is de snaffel fan de jerken ienkleurich giel. De wyfkes ha in donker plak op de snaffel, dy’t boppedat meastentiids oranje kleuret. Ek is de kleur fan de boarst fan de mantsjes no wat mear readbrún mei in minder dúdlike tekening. Dit kleed wurdt it eklipskleed neamd. No’t it net mear nedich is om op te fallen om wyfkes oan te lûken, krije de mantsjes wer in skutkleur.

Skeve ferhâldings

Lykas sein binne de jerken dus net ferdwûn. Dochs is der in ferskil yn it oantal jerken en eintsjes. Mar dat ferskil; is krekt ’yn it foardiel’ fan de jerken! It is net krekt bekend hoe’t komt, mar by ferskate einesoarten binne der mear mantsjes as wyfkes. En dy ferhâlding liket aloan briker te wurden.
Wierskynlik ha eintsjes in gruttere kâns om te stjerren by it brieden ofde soarch foar de jongen. De oarsaken binne dus noch alhiel dúdlik, mar it is wol wat om yn de gaten te hâlden.

Flak foar it briedseizoen is de jerke wer op syn moaist

In hagelnije outfit

Hoewol’t de einen stadichoan troch de ferfearringsperioade hinne komme binne, sille se de kommende tiid noch wol wat grau der útsjen. Úteinlik krije se harren skoandere fearren, it prachtkleed, wer werom. Oan ’e ein fan de winter, flak foar it briedseizoen, binne de jerken wer op syn moaist. En hooplik binne se dan wer kleurryk genôch om genôch ynddruk te meitsjen op de eintsjes.

Bron: Vogelbescherming Nederland

De einekoerflechters fan De Strampel binne al wer drok dwaande mei de tariedings fan it nije briedseizoen 2020 om de eintsjes alle gerak te jaan foar it soargjen fan neigeslacht.

Fan jagers hearre we dat sy yn it jachtseizoen besykje de jerken te sjitten en de eintsjes mei rêst te litten om sa it lykwicht werom te krijen.
Sommigen har hjir muoite mei en freegje harren ôf oft de natuer dit sels op ‘e duer net regelet…

Pompoenmerk Bitgummole

Bitgummole, 15 septimber 2019

Einekoerflechters fan De Strampel jouwe rûnom yn de provinsje demonstraasjes einekoerflechtsjen. Yn Bitgummole wienen sneon Jaap Schiphof, Jan Lautenbach en Durk Wynia aktyf op de pompoenmerk.

Yn in prachtige smûke entûraazje en mei dat moaie waar wie it in tige slagge dei dêr’t in protte minsken op ôf kamen, skriuwt Durk.

Monumintedei en âlde ambachten yn Dronryp

Dronryp/Grou 16 septimber 2019

Op Iepen Monumintedei, sneon 14 septimber, wie der spesjaal yn Dronryp in (fyts)rûte útset by in tal monuminten del dy’t iepensteld wiene. De wurkgroep Ald Dronryp hat hjir in protte wurk ynset en it wie ek in grut súkses, skriuwt Yge Walsweer.
Hjirûnder syn ferhaal.

It begûn om 10.00 oere by de monumentale pleats Sinne State, wêr’t dhr Breuker, historikus út Skingen, in pracht ferhaal holden hat oer alle bysunderheden fan Dronryp en omstreken. Hjir wiene lykwols mear as 100 minsken op of kaam.

It bysundere wie wol dat er al foar de jiertelling sprake wie van in soart stripe fan Baaium oant Menaam oer de Ryp (Dronryp), wêr’t letter njonkenlytsen bewenning kaam, oan en op de kwelderwâl.
Dêrnei wie der kofje yn de trochreed en koene jo allegear âlde printsjes besjen en ek de âlde pleats.

Hjirnei gong de rûte nei de Puollen, earst by de wettermûne oan de Puolfeart, en hjirnei seagen we warempel it âlde ambacht fan einekoerflechter Johannes fan der Meer en de útstalling fan Sander Hempenius yn de kamûflaazjekontener flakby de plas-dras hjirnjonken.

Sander hie wer in hiele útstalling fan snaffels, skeletten, opstoppe fûgels, fûgelhokjes, farsksnijd reid (rûkt sa lekker seine de minsken!!), hy hie it drok mei it fertellen foar de minsken dy’t delkamen. Koartsein: in grut succes.

Johannes fertelde ûnder it flechtsjen wei fan de plas-dras, it ûntstean, de fûgelhut, neam mar op. Der ha in hiele protte minsken west, tanksy de rûte en it moaie waar en de ynset fan ferskate minsken.

Yn ‘e midddei koene jo healwei de tunen fan Schatzenburg ek noch besjen, úteinlik einige de fytstocht op Hatzum, wêr’t ek noch tal fan moaie platen en history te sjen wiene en fansels kofje of wat oars nei.

Tige tank oan elts dy dit mooglik makke hat. Oan de lûden fan de minsken te sjen en te hearen wie it in grut súkses.

Mei freonlike groetnis;
Yge Walsweer
Dronryp.

Twadde snee

Grou, 14 septimber 2019

Yn ’t neijier is der noch wolris wat reid te skarjen. Sa fûn Bouwe de Groot út Grou yn de omkriten fan Grou noch moaie reid. Hjir syn ferhaal.
Earder al ha wy in berjocht pleatst oer syn nestkastjes.

Nadat ik in juni in de polder bij Bokkum (Bokkumermar.) tussen Grou en Akkrum riet had gesneden, ontdekte ik afgelopen week dat daar op die plek nu mooi tweede snee riet stond. Ruim meter lang en mooi dun riet voor klein werk  (vogelkastjes e.d.) en geen pluim erin. Ook om een korf mee te beginnen lekker handvriendelijk.

Vanmorgen mooi in de herfstzon heb ik een tiental bossen gesneden en lekker liggen te drogen op de doodlopende weg bij Idaard. Vandaag en morgen lekker in de zon en morgen middag in de schuur.

Dit was denk ik de laatste zomeractie .

Voor de nestkastjes de houten achterkantjes uitgezaagd en door mijn vrouw geverfd. Liggen ook lekker te drogen vandaag.

Tot zover even mijn activiteiten voor de eendenkorven en kastjes.

Nog 14 dagen dan 1 oktober en dan ga ik los met het vlechten van de korven en de nestkasten.

Groetnis,
Bouwe de Groot.

It reid leit te drûgjen op de dyk

Ek einekoerflechtsjen leare?

Elk jier binne der wer minsken dy dit âlde ambacht leare wolle.
De kuorren wurde flochten yn klassyk ferbân mei reid en lofters fan flaaks.

Kursus:

Op ôfspraak (yn oerlis, in hiele dei of allinne op de middeis.)
Hiele dei is: 10 oere start mei bakje kofje, tusken de middei snert ite. De tiid dy’t nedich is om in koer te flechtsjen is sa’n 5 oeren.

Oantal dielnimmers per kear 6 o/m12. Yn oerlis is gruttere groep mooglik.
Alle materiaal is oanwêzich (nulle,reid en flaaks).
Lokaasje is hjir yn ’t “Swetshok”.

Garânsje dat elk mei in koer ta de doar út stapt.

Neisit mei in hapke, gleske drinken en smout ferhaaltsje.

Kosten allinne de middeis 25 euro p.p.
Kosten hiele dei 35,= euro p.p.

Foar fierdere ynformaasje of oanmelding;
Gjalt de Groot, Miedwei 11, 9151AH  Holwert
0519-561784
gj.d.groot@hetnet.nl

Kursusdata:
23 nov. 2019 – De hiele dei fanôf 10.00 oere.
7 des.  2019 – De middeis fanôf 13.00 oere.

Lyts praatsje

Holwert, 3 septimber 2019

Sneon 24 augustus siet ik as einekoerflechter by de túnkersferiening Nut en Genoegen te Snits.

Prachtich, wat in romte yn hertsje Snits en wat stie it der by, wat in ferskaat oan grienten en fruchtbeammen. Sa hjir en dêr in túnhokje, inkele mei in keakeljend hintsje, it lûd fan in hoanne. In plakje om yn ús drokke, rûzige wrâld ta rêst te kommen, in plakje dat minsken ferbynt.

Rêstich flechtsjend, wat petearjen mei de gasten komt der in man suver op krukken oanslepen. Ik krige in petear mei de man oer de wrâld, it libben en ús plak deryn.
,,Man, wat wor ik bliid fan jou, wat geve jou mij weer in moed”, en mei triennen yn de eagen joech er my twa kear in hân foardat er op syn krukken wer ôfsette.

Einekoerflechtsje,  it jout rêst, tiid foar in oar as je fan hiel simpel materiaal in prachtich produkt meitsje.

Einekoerflechtsje, it kin safolle mear wêze as it meitsjen fan nêstromte foar einen.

Gjalt

De Strampel oer de grins

Cothen/Grou, 1 septimber 2019

Sneon 31 augustus ha de bestjoersleden Durk Wijnia en Bonne Bruinsma De Strampel ferstjintwurdige op it Oogstfeest Kromme Rijnstreek yn Cothen yn de provinsje Utrecht.

Fan moarns 9:30 oere oant 17:00 oere wiene dêr ferskate aktiviteiten dy’t allegearre in relaasje hienen mei de agraryske sektor. It feest wurdt sûnt 2007 om de twa jier hâlden.

Dat net elkenien wit wat in einekoer is, waard wol dúdlik. Ferskate kearen waard frege oft we faaks einekoaien oan it meitsjen wienen. En watfoar materiaal dat wie wat we brûkten. Dat de einekuorren samar fan reid makke wurde kinne, wie foar guon wol ferrassend. En flaaks hienen de measten noch noait heard.
Der wie lykwols bewûndering hoe’t je in koer fan reid meitsje kinne.

It Frysk jûch soms wat betizing; der wie immen dy’t tocht oan in fakânsjeklub fanwege Ferien yn de namme…

Nettsjinsteande it waarme waar wie der in soad flecht op de koai en is der wer in stikje reklame makke foar ús âlde ambacht.

Troch op de foto’s te klikken, wurde se grutter werjûn.