Multifunsjoneel

Grou, 29 oktober 2019

Ôfrûne wike ha wy de kuorren fan de strampels yn de Pikmar by Grou helle. Ryklik let, mar hawar.
Dit jier hienen wy as fûgelwacht Grou dêr trije kuorren en wy koenen sjen dat twa kuorren bewenne west ha. Ien nêst is predearre en út de oare koer binne jongen pykjes kommen, sa wie oan de doppen en it dûns te sjen.

De wetterlânkuorren wienen noch aardich geef, mar wol wat wiet. Dêrom ha’ k de kuorren by drûch waar thús bûten lein om te drûgjen. Jûns kamen de kuorren dan wer yn it hok. Op himsels neat bysûnders, fansels.

Mar doe’t ik de oare deis de kuorren wer nei bûten brocht, like it wol oft der yn ien koer wat yn siet. Ik sjen, en ja hear: in aai yn de koer. En ik wie der noch sa wis fan dat alles út de koer helle wie. Earste gedachte: dat moat immen der yn lein ha; ik seach fuortdaliks dat it in hinneaai wie. Ien fan de krielhinnen hie blykber in aai lein yn de koer doe’t dy op de túnbank lei te drûgjen; doe’t ik de koer in dei earder nei binnen brocht hie ‘k dus neat fernommen.

Sa kin in koer dus ek in funksje ha foar hinnen. Multifunksjoneel dus.

Eartiids hie ús heit wol ferhalen dat hy hinneaaien ûnder in brodsk eintsje lei as dy in wike sitten hie te brieden. As de aaien sawat útkamen waard der in net foar de koer spand om de hinnepiken feilich te stellen, sadat se net achter de ein oan it wetter rûnen.
Optimaal brûken fan de natuer!

Bonne Bruinsma

Earste of lêste einaaien?

Grou, 22 oktober 2019

Bouwe de Groot slacht in protte yn it fjild om en is dan altiten tige skerp yn it observearjen. Sa belibbet Bouwe altiten krekt wat mear as in oar.

Op sneon 19 oktober wie hy yn it fjild oan it jeien en die doe wer in opmerklike fynst. Hy skriuwt deroer it folgjende:

Tijdens de jacht zaterdag bij een  boerenerf spatte een eend van de nog uitliggende korf. Vijf verse eendeneieren in de korf. Twee meegenomen zie foto.

Ze smaakten heerlijk op een stukje roggebrood en een b.b.tje. Het is al het derde jaar dat wij in oktober en november eendeneieren vinden. Zou dat toch van klimaatveranderingen komen.

De eieren even in een presentatiemand gelegd met een vogelnestje; een order voor een winkel voor kerstpakketten.
De mand wordt met Friese natuurproducten gevuld.

Bouwe

Flechtsje op Noordshow

Op 9, 10 en 11 jannewaris 2020 wurdt yn Assen wer de Noordshow hâlden. In show dêr’t de lêste kear mear as 10.000 besikers kamen.

De organisaasje stelt it op priis as der ien of meardere flechters komme om it ambacht fan einekoerflechtsjen te demonstrearen.

De organisaasje omskriuwt de Noortdshow as folget:

Wij hebben onder andere de grootste indoor kinderboerderij in de hal, daarnaast hopen we ook dit jaar weer op zo’n 8000 dieren, eenden, kippen, konijnen, cavia’s, duiven, kalkoenen, siervogels die door keurmeesters gekeurd zullen worden en tentoongesteld zijn. Verder hebben we naast onze betaalde standhouders (met winstoogmerk) ook een grote verscheidenheid aan informatieve stands van diverse verenigingen  die aansluiten bij ons evenement, zoals Vogelverenigingen, ras verenigingen van bijvoorbeeld koeien, schapen, vogels… voor elk wat wils… en hier zou naar mijn/ons idee voor uw vereniging waarschijnlijk ook een kans liggen om deze ambacht onder de aandacht te brengen. 

Graag zouden we contact hebben over de mogelijkheid dat jullie ook de 3 dagen op onze show aanwezig kunnen zijn. 1 vlechter kan genoeg zijn maar misschien ook leuk voor de vlechters als ze bijvoorbeeld met zijn 2’en zijn. 
Als er interesse is van jullie kant horen wij dit graag, dan kunnen we het intern overleggen zodra we weten wat jullie bijvoorbeeld aan ruimte nodig zijn en hoe jullie het voor je zien. 

Belangstellenden kinne streekrjocht kontakt opnimme mei de organisaasje:

Sjoch foar mear ynformaasje de webside fan de Noordshow

Sjoch hjir foar de spulregels dy’t hearre by Fraach en Oanbod. Dus as jimme in akkoart berikke mei de organisaasje, dan it bestjoer efkes witte litte.

Flechtsje op maitiidskuier

Grou, 13 oktober 2019

Ein maaie hat Popke van der Zee in demonstraasje hâlden yn Ryptsjerk. Hy stjoert no noch in ferhaaltsje mei wat foto’s ta.

Popke skriuwt:

Ik ha twa dagen sitten te flechtsjen op de maitiidskuier ein maaie yn Ryptsjerk. Dat is in jierliks weromkearend barren op sneon en snein. Op de rûte troch en om it doarp Ryptsjerk binne der (muzikale) optredens, eksposysjes en demonstraasjes fan ambachtlik en keunstsinnich wurk.

Groetnis,Popke v.d. Zee

Koerflechtsje op de Kruidhof

Bûtenpost/Grou, 12 oktober 2019

De Kooistra’s út Dokkum binne geregeld op ’n paad mei it flechtsjen fan einekuorren. Se stjoerden in pear foto’s mei in koart ferhaaltsje.

Saterdei 5 oktober wie der in oogstdei op it terrein fan de Kruidhof te Bûtenpost. It wie in moaie sinneskyn dei mei in moai skaadplakje ûnder de fruitbeammen.

Moai gesellich drok, knappe hannel; al mei al in sear slagge dei.

Gebr. Kooistra út Dokkum