Noflike jiergearkomste

Grou, 30 novimber 2019

In lytse tritich leden wienen nei De Trilker yn Poppenwier kommen foar de jiergearkomste fan De Strampel. Krektlyk as alle gearkomsten wie it ek dit jier wer in noflike jûn. Sokke jûnen jouwe bining yn in klup fan individuele flechters. Of sa’t ien fan de leden sei: mei-inoar binne wy ien famylje einekoerflechters.

It formele part fan de jûn wie nei in oerke beslikke. Der waard besletten dat de beurs yn febrewaris weromkomt. Troch de wei fan nije spandoeken, buordsjes en oare publisiteit sil besocht wurde de feriening rûnom mear bekendheid te jaan.
Yn 2020 wurdt wer flaaks ferboud op in kampke lân by Blije.

De foto’s binne fan Kees van der Meulen en Durk Wynia.

Nei 648 kursisten is it oer

Holwert/Grou 21 novimber 2019

Gjalt en Els de Groot stopje mei it jaan fan kursussen. “It hat moai west”, seit Gjalt. “Net dat der wat is, mar Els en ik ha it der ris oer hân en wy fine dat it nei 648 kursisten oer de lêste 10 jier moai west hat.”
Wol geane beiden noch troch mei it jaan fan demonstraasjes.

De kursussen waarden jûn yn It Swetshok by it hûs fan Gjalt en Els yn Holwert. Hjirûnder noch in filmke út Hea fan 9 jannewaris 2012, opnommen yn It Swetshok by Gjalt en Els.

Gjalt hat in soad reid en flaaks rispe dit jier. Wat se net mear noadich ha wurdt no te keap oanbean.

Wite einen bliuwe by heit en mem

Grou, 18 novimber 2019

Yn de Leeuwarder Courant fan 18 novimber stie in nuveraardich berjochtsje oer wite einen by in âlderpear wylde einen:

Bijzonder, vindt Fred Willekes uit Hurdegaryp het. Sinds deze 6 witte eenden in het vroege voorjaar uit het nest zijn gezwommen, dobberen ze nog steeds bij vader en moeder in de Hurdegarypsterfeart in Hurdegaryp.

foto LC

Hjir sil grif immen aaien fan wite loopeinen ûnder in wylde brodske ein lein ha.

Flechtsje by de sierdowen

De Pein/Grou, 13 novimber 2019

No’t de beurs net mear hâlden wurdt, besykje we it einekoerflechtsjen ûnder de oandacht te bringen op tentoanstellings ensfh. Binne van der Velde hat De Strampel fertsjintwurdige op de sierdoweferiening yn Drachten.

In entûsiaste Binne skriuwt:

Op sneon 9 novimber ha ik in demonstraasje dien fan einekoerflechtsjen yn it fryskconcressintrum yn Drachten. By de sierdoweferiening. Ik ha der in moaie dei han en in soad contacten mei de minsken krigen.

Maitiid yn de hjerst

Wurdum, 12 novimber 2019

By Bertus en Jinke Kuperus liket it wol maitiid maitiid. Mar der barre ek frjemde dingen.
Jinke skriuwt:

Ferline wike waard der noch in ein trêde yn de Wurdumerfeart en der sit ek earne ien te brieden op it hiem, want dy skyt as in slob.

Fan ús eintsjes en jerkjes, sa’n 70 yn maaie, binne der no noch 37 oer. Wêr’t se bedarre binne? In grut riedsel.

In plaatsje út it argyf fan de eintsjes fan Bertus en Jinke.

Kreatyf mei einekoer

Grou 11 novimber 2019

Fan Jan Falkena krigen we it folgjende berjocht:

Saterdei 2 novimber hawwe fiif minsken by my flochten.Tige moaie dei hân. De oare deis krige ik dizze foto. 

Groetnis, Jan Falkena

Bysûndere gast op koer

Dokkum/Eanjum, 4 novimber 2019

Fan Bauke Dijkstra út Dokkum, dy’t as frijwilliger aktyf is by it ûnderhâld fan de einekoaien fan It Fryske Gea, krigen wy de folgjende bysûndere melding.

De frijwilligers fan de Van Asperen einekoai fan It Fryske Gea yn Eanjum troffen koartlyn in wol hiel bysûndere gast oan. Heech yn in beam op in einekoer: in foks!

It is min te sjen, mar de foks leit op de einekoer

Flechtkursus foar jeugd

Grou, 5 novimber 2019

Fan de fûgelwacht Oldeholtpade komt in fersyk om in flechtkursus te jaan oan in groepke jeugd tusken 8 en 14 jier en eventueel in groep folwûksenen.

Plak: Yn de buert fan Oldeholtpade/Nijeholtpade
Tiid: febrewaris/maart 2020

Om’t in doel fan it bestjoer is om mear jeugd by it flechtsjen te belûken, wol it bestjoer dit wol koördineare.
Belangstellenden kinne harren melde by it bestjoer
Belje mei ek: (06) 19762962.