Maand: januari 2020

  • In protte wille

    door

    in

    Bitgum/Aldeboarn, 28 jannewaris 2020 Trije jûnen koerflechtsje, dat wie in hiele aardichheid en bot gesellich. Meastentiids regelt Durk Wynia dat, mar dy sit al moannen op Skylge foar syn wurk. Lokkich hat Jaap Schiphof de honneurs waar naam. Foar in lytse fergoeding is reid en flaaks beskikbaar en it ûnderkommen koe net better. Yn it…

  • Wer alve flechters derby

    door

    in ,

    Dokkum/Grou, 28 jannewaris 2020 Fan de Kooistra’s út Dokkum krigen wy dit ferslachje mei foto tastjoerd. Saterdei 25 jannewaris hienen wy 11 man oer de flier dy’t by ús it einekoerflechtsjen leare woenen. Nei de kofje binne we los gien, yn it begjin noch wat ûnwennich mar stadichoan krigen de mannen de smaak te pakken.…

  • Ûndersyk nei einepiken

    door

    in

    Grou, 15 jannewaris 2020 De wylde ein is ien fan de bekendste wetterfûgels en yn 2020 fûgel fan it jier. Der wurdt rûsd dat der sa’n 200.000 – 300.000 breidpearen yn ús lân binne. Nettsjinsteande dat je de ein oeral tsjinkomme kinne, nimt it tal einen de lêste tsientallen jierren ôf. De fraach is hoe’t…

  • Einaaien it hiele jier rûn

    door

    in

    Grou, 6 jannewaris 2020 Wa’t in soad yn it fjild is belibbet wolris wat. Bouwe de Groot is der ek gauris op út en mei syn aventoeren graach diele mei oaren. Diskear in sterk ferhaal oer betide einaaien. Hy skriuwt: Ik tocht: sil ik wer melde of net. Mar hjirby toch mar even.  Echte wylde…

  • De einekoerproduksje fan Kees

    door

    in ,

    Wikel/Grou, 3 jannewaris 2020 Kees Terpstra hie dit winterskoft in aardige opdracht: 150 kuorren leverje oan de NWE Skarsterlân. Fan dy 150 hat Kees der 100 makke, de oare 50 komme fan oare flechters. Dat Kees moaie kuorren makket, wurdt troch in soad minsken ûnderskreaun. Dat hy dêrfoar syn eigen metoade ûntwikkele hat, makket nijsgjirrich…

  • Net alle flechters binne sakelju!

    Holwert, 1 jannewaris 2020 By demonstraasje giet it der meastentiids fredich om en ta. Dat wie wat oars by Gjalt de Groot yn it boeremuseum fan Titus de Wolff.Gjalt hat syn aventoer beskreaun en tastjoerd. Flechters binne sakelju.No, hjir it ferhaal. Set it mar op de webside. Ik siet 31 des. by Titus de Wolff,…