Betide einaaien

Oerterp, 7 febrewaris 2020

Jan Falkena meldt syn earste einaaien. Dit is betiid, it sil alles te krijen ha mei de hege temperatueren.

By kontrôle fan myn kuorren thús die bliken dat er yn ien koer al twa aaien leine. Ik kin se net op de foto sette want se binne keurich bestoppe. Dizze ein lei vorig jier it earste aai op 18 febrewaris, no dus op 6 febrewaris

Kuorren net langer merkleas

Grou, 6 febrewaris 2020

It iene ferhaal lokket it oar út. Cees van der Meulen út Grou reageart op it ferhaal fan Bouwe de Groot

It ferhaaltsje fan ús kollega Bouwe de Groot oer it registraasje-systeem dat yn âlde tiden yn Grou bestie mei de houtsjes fan Grutte Tseard brocht my op in idee.

As minsken in koer keapje freegje se faak: ‘Hoe lang giet sa’n koer mei?’  
Elke flechter betinkt dan in antwurd. ‘As jo der goed op passe kin dizze koer wol fjouwer jier mei, 1 maart sette en 1 july wer opbergje.’ 

Der binne lykwols ek keapers dy’t sizze: ‘Ja mar ik fyn it yn de winter ek moai om nei dy koer te sjen.’ Antwurd: ‘Dêr hawwe jo gelyk oan, dat stiet prachtich, sa’n koer yn de winter is in sieraad op it hiem. Dat haw ik it leafst, winterdeis bûten litte, dan komme jo de oare maitiids wer om in nije koer… by my fansels.’

Hoe dan ek, op de foto sjogge jim hoe’t it kin.

mei groetnis
Cees van der Meulen
Abbema 15, 9001GH Grou, 0566-622485 / 06-19225075