Maand: maart 2020

  • Einekuorren Drylts

    door

    in

    Drylts, 25 maart 2020 It is wenst dat De Strampel alle jierren trije einekuorren beskikber stelt foar in moaie opfallende lokaasje earne yn de provinsje . Yn de ledegearkomste fan novimber 2019 kaam it idee om de kuorren yn 2020 te pleatsen yn de fiver foar Nij Ylostins te Drylts. Yn febrewaris is der kontakt…

  • Opfretten aaien

    door

    in

    Bitgummole, 25 maart 2020 Durk Wijnia hat yn ‘t wykein efkes it lân yn west en trof in tal nêsten mei oanfretten einaaien. Durk skriuwt: Dit wykein ha ik wol even it fjild yn west en ha ek wot einenêsten opsocht…. alles wat ik fûn wie opfretten …. moat mar even útsykje wa’t dit docht….…

  • Einekuorren foar 150 jagers

    door

    in

    Grou, 22 maart 2020 Yn harren ledegearkomste ein febrewaris hat de Wildbeheereenheid Skarsterlân oan alle leden in einekoer jûn. Dit mei as doel it nêstsúkses te fergrutsjen en foar it oansjen fan it lânskip. De kuorren binne makke troch leden fan De Strampel. Hjirûnder in artikel ut de krante.

  • Earste piken by Jan Falkena

    door

    in

    Oerterp, 19 maart 2020 Sa’n trije wiken earder as ferline jier seach Jan Falkena de earste einepiken út syn koer kommen. Ek no wer 13 stiks. Jan skriuwt: Fan ‘e moarn gie de ein fan it nêst. Ik haw doe in foto makke fan de pykjes yn ‘e koer. In pear oeren letter swom er…

  • Iel en mear giet net troch

    door

    in

    Grou, 16 maart 2020 De aktiviteit Iel en mear op 21 maart by fisker Ale de Jager giet net troch fanwege it Coronafirus.

  • Flaaks kin ek lekker wêze

    door

    in

    Aldeboarn, 5 maart 2020 De mûzepleach is ek trochdrongen yn Aldeboarn. Krektlyk as op oare plakken sykje de mûzen mei al dat reinwetter fan de lêste tiid in drûch plakje. En as der dan ek noch wat te iten is, dan ha se in daaldersk plakje. Om’t de Boarnsters tuorkemjitters neamd wurde, wolle de Boarnster…

  • Dizze koer is fan my

    door

    in

    Aldeboarn, 5 maart 2020 In grutske Cor Snoeij stjoerde in foto fan in waakse (sop)ein op ien fan syn kuorren met de tekst: Dizze ein wol mar sizze: dizze koer is fan my, want dy is makke troch immen fan De Strampel.