Roeken

Grou, 30 maart 2021

Yn it nijsberjocht fan 28 maart (Op besite by Hessel Bouma) fan Herre van Dokkumburg stiet in dat Hessel muoite hat mei it pakken fan de roeken: “(…) Ja, dy ferrekte roeken. Dy roeken kin ik net pakke.”

Bokke Span út Easterwâlde (berne yn Jelsum), natuerman en grut kenner fan it fjild, lies it ferhaal yn ‘It Ark’ en naam kontakt op mei Hessel Bouma. De mannen rekken aardich oan de praat en Hessel sei dat it ferhaal net hielendal kloppe en dat hy wol roeken fongen hie. In ferskaat oan natuersaken kaam foarby.

In metoade om fûgels te fangen dy’t aaien út de koer helje is it stekken fan in pear stokjes yn de hals fan de koer. Span: “In roek of oare fûgel giet yn de koer, pakt in aai en wol dan achterstefoaren wer nei bûten. Dan bliuwe syn fearren heakjen achter de prikjes, de roek komt dan net mear nei bûten en is maklik te pakken.” It is fansels wol saak de prikjes sa oan te bringen dat de ein der gjin lêst fan hat. Mar om’t de ein mei de kop nei foaren út de koer giet, sille de fearren minder gau lêst ha fan de prikjes.

Span hie it ek oer saaiboerd. It saaiboerd is it ûnderste stik fan de kraach fan de koer, dêr’t de ein delkomme komme moat as hy yn de koer fljocht. (By dowen wurdt de iepening wêrtroch se yn en út fleane it saaigat neamd.) Guon flechters meitsje de kraach ûnder wat flakker en langer as de rest fan de kraach om it de ein sa makliker te meitsjen yn de koer te kommen. Wy sjogge dit ûnder oaren by Trynwâldster kuorren en kuorren fan wylgetiennen.

Oare kuorren sûnder oanpast saaiboerd kinne skeef hongen wurde; de ein kin dan makliker op de kraach fan de koer delkomme. En, net minder belangryk: in ka, swarte krie, roek of ekster rint minder maklik de koer yn. Dan binne prikjes yn de hals ek net nedich.

Bonne Bruinsma

‘Op besite by Hessel Bouma’

Grou, 28 maart 2021

Yn it Verenigingsblad van de Friese Vereniging voor landbouwhistorie ‘It Ark’, fan Feriening Afron, nû. 77, 2021-01, side 6, stiet in njisgjirrich artikel oer in besite oan Hessel Bouma. Hessel hat in oplossing fûn om stienmurden wei te hâlden by de einekuorren. Ek hat hy it net op oare rôvers stean.

Yn it artikel fan Herre van Dokkumburg kinne jimme hjir mear oer lêze. Troch op it artikel te klikken wurdt it justjes grutter werjûn.

De striid tsjin wyn en fean

Grou, 20 maart 2021

Yn it berjocht Einekoerprojekt 2021 is ferslach dien fan it setten fan de strampels mei einekuorren yn it Wilhelminapark te Grou.

In pear dagen nei’t de kuorren pleatst wienen, lei der al in stik bôle yn de hals fan ien fan de kuorren; faaks mei goede bedoeling yn de koer smiten, mar sûnder kennis fan saken. Dit koe om’t de koer net fier genôch yn de fiver pleatst wurde koe fanwegen te folle djipte: de strampelstokken wienen gewoan net lang genôch.

De mannen fan de fûgelwacht ha doe besletten om nije en langere stokken te brûken en de kuorren yn it midden fan de fiver te setten. Maar dit wie makliker tocht as dien: de fiver is yn ’t midden mear as 2 meter djip mei in dikke laach fean as boaiem. Dat mei in waadpak de strampel te setten wie ûnmooglik. Oplossing: in boatsje.

It waaide dy moarns dat it rikke, en om’t it boatsje (in sportyak) op it wetter lei, wie it sa in proai foar de wyn dy’t wyld om de foliêre hinne tyske.
It wie tige dreech de stokken – of leaver sein: beammen – goed te plak te setten. Dêr kaam by dat de boaiem in dik feanpakket is. As ien stok einlings goed stie en besocht waard de oare stok yn it wetter te setten, kaam de earste stok al wer omheech driuwen; se hienen gjin grip yn it dikke feanpakket. Nei in oere wrakseljen waard besletten de kuorren dan mar in oar plak te jaan: ien op in strampel yn de feart tusken park en begraafplak, de oare yn in beam yn it hertekamp.

It koarte filmke fan Cees van der Meulen jout in byld fan de striid tsjin wyn en fean op dy sneontemoarn. Cees skriuwt derby: It is goed mei In koarte ympresje it lijen yn it boatsje en op ‘e wâl wrâldkundich te meitsjen! It folk mei wolris witte wat ússoarte lju foar ús leafhawwerij oer hat!

Mei in einekoer út, klaaie we Warten oan!

Warten/Holwert, 15 maart 2021

Museum Warten stjoerde it folgjende berjochtsje oan De Strampel ta.

Mei in einekoer út, klaaie we Warten oan!

It flechtsjen fan einekoer is folle mear as it kreëarjen fan in lisplak foar in ein.

It is troch de iuwen hinne in foarm fan folkskeunst wurden dy’t by de kultuer fan Fryslân heart en dan bynammen yn ’t wetterlân. It past dan ek alhiel by Museum Warten en yn ’t bysûnder De Greidpleats om hjir omtinken oan te jaan.

Gjalt de Groot, fjildman, skriuwer en ferteller is ek in betûft einekoerflechter. Brûkt foar de kuorren allinne de natuerlike materialen reid en flaaks. It binne stik foar stik pronkjes.

Foar ús sil Gjalt 40 kuorren flechtsje dy’t te keap binne by: Boele Postma Mieden 58 9003 MS yn Warten 06-34058363 boele96@hotmail.com

De priis is 22,50 it stik. De kuorren lizze fanôf 1 jannewaris by Boele. (op = op)
Gjalt skinkt fan elke yn Warten ferkochte koer 5,- oan Museum De Greidpleats.

Gjalt de Groot yn it Museum

Gjalt:

We binne no heal maart en hoe stiet it der foar?

No, dat plan is geweldich oanslein. It doarp Warten rekke entûsjast. Der is in einekoerferiening oprjochte mei de namme ,Yn ‘e hite hij’ en der ha har al 60 leden foar oanmelden. Dizze feriening sels hat no 12 kuorren útset yn de Rogsleat en it Wartenster-Wiid.

Fierders ha noch tal fan Wartensters in koer útset .Elk kin genietsje fan it prachtige foarjiersbarren fan einen op de koer. Jo kinne plestik mêsten en flaggestokken keapje mei in nylon flagge, mar ynstee dêrfan ek in einekoer op in strampel sette en sis no sels, dat past dochs better yn dit doarp!.
Mei in einekoer út, klaaie we Warten oan!

De Greidbuorkerij Warten

Strampel

Grou, 14 maart 2021

De betsjutting fan it wurd ‘strampel’ no en yn eardere tiden. Frysk is in libbene taal.

De namme fan ús feriening is in Frysk wurd dat stadichoan oan it ferdwinen wie, mar is sûnt 2012 foar de leden fan de Fryske feriening fan Einekoerflechters wer hiel libben. No is foar hiel wat minsken yn Fryslân it wurd Strampel wer op ‘e nij hiel gewoan.

Wy kenne it wurd as oantsjutting fan de trijepoat dy’t we yn it wetter sette as feilich plakje foar de koer.

Fan ‘e wike siet ik te lêzen yn in boek fan de skriuwer Nyckle J. Haisma (1907-1943) mei as titel ‘Peke Donia’, dêr’t er posthúm yn 1948 de Gysbert Japixpriis foar krigen hat. Yn syn ferhaal hat Haisma it ek oer strampels. Sitaat:

​‘Yn ‘e strampels fan de beammen hingje heal fergiene einekuorren’.

Yn it Friesch Woordenboek (lexicon frisicum), fan Waling Dykstra fan 1891 stiet as ferklearring by it wurd ‘strampel’: 

‘tak van een boom, die nevens een anderen, te zamen gaffelvormig zijn opgeschoten’.

Frysk is in âlde, mar ek springlibbene taal. Fan ‘gaffel’ yn in beam fierder troch ús wer ta libben roppen as trijepoat. Eartiids in plakje foar einekuorren en as se ôfseage waarden ek foar earebarrenêsten, sa lit Waling ús witte.

Cees van der Meulen.

In spantsje einen foar de gesellichheid

Grou, 14 maart 2021

Yn ‘e maitiid fan ferline jier ha we in tiidsje in spantsje einen yn de achtertûn hân. Sy hienen it wol nei’t sin, mar oan aaien lizzen binne se net takaam (sjoch hjir it berjocht).

Dit jier sit it selde stltsje wer regelmjittich yn en by de fiver. Alteast, wy tinke dat it itselde steltsje is, sjoen it gedrach. Hiele dagen sitte se te sliepen oan ‘e râne fan de fiver, soms efkes badderje en grondelje. Soms is der in twadde jerke by, krekt as ferline jier.

Jûns fleane se meastal fuort en moarns komme se wer. Alle dagen itselde ritueel. Hjoed wie it eintsje sawat de hiele dei allinnich, mar tsjin de jûn kaam de jerke ek wer foar ’t ljocht.

Yn de winterwike yn febrewaris hienen we wat foer kocht foar de fûgeltsjes. Alle dagen wat foer yn it fûgelhokje en ek wat op in plankje fan in ferfallen fûgelhoikje sûnder dak. It eintsje hie al rillegau yn ’t snotsje dat dêr ek wol wat foar har te heljen wie. Se fleach dan ek handich omheecvh op it plankje en jûch har dêr del, sadat oare fûgels der net by koenen; ûnderwilens snobjend fan it foer. De jerke bleau op de grûn, soms op de tafel, en pikte ek in graantsje mei fan alles wat op de grûn foel.

Ik ha in koer yn de parrebbeam hongen, mar dêr is net in soad belangstelling foar. Oan it krebintige waggeljen fan it eintsje te sjen binne de einen al op leeftiid en sil it soargjen fan neigeslacht wol net mear de heechste prioriteit ha.

Hawar, wat hintsjes en in pear eintsjes yn de tún jout wol wat fordivedaasje en gesellichheid.

Bonne Bruinsma.

De Strampel yn Hea

Grou, 8 maart 2021

Moandei 7 febrewaris binne der opnamen makken oer it einekoerflechtsjen by ielfisker Ale de Jager yn Reduzum. Cor Snoeij en Bouwe de Groot ha dêr it ien en oar ferteld oer De Strampel en de keunst fan it einekoerflechtsjen.

De bylden wurde útstjoerd op Omrop Fryslân yn it programma Hea op woansdei 9 maart, nei Hjoed.

Update:
Hjirûnder de útstjoering fan Hea.

Earste eine-aai by Jinke

Wurdum 5 maart 2021

Freedtemoarn kaam der heuchlik nijs fan Jinke Kuperus út Wurdum: Ik ha myn earste eine-aai. Yn in koer fan Bertusop de hage (sjoch foto). De ein hat in lúkse wenning útsocht, want der sit in ekstra dak op de koer.
Mar der lei fannemoarn wol 2 sm iis op it wetter, skriuwt Jinke derby. Ja it hie gians oanbakt dy moarns.

In dei earder fûn Klaas Stapensea, mollefanger en lid fan De Strampel in eine-aai yn it wyld. Dy mannen slepe alle dagen yn it fjild om, seit Jinke.

Om’t Bertus Kuperus yn Nij Mellens sit, betocht Jinke dat it wol moai wêze soe dat der yn de fiver by Nij Mellens in pear kuorren kamen, sadat de bewennirs genietsje kinne fan de einen op en yn de koer.

Jinke: Ik kocht dus fan in frou út Wurdum 2 einekuorren dy’t har man (silliger) 5 jier lyn op de fûgelwachtjûn wûn hie. En se hie se noch nij lizzen yn it hok. No hawwe we der twa útset bij Nij Mellens. Ien fan Loke en ien fan Bertus dus.

Okkerdeis hat Tom van der Meer en Jinke de kuorren útsetten by Nij Mellens.

Einekoerprojekt 2021

Grou, 3 maart 2021

Alle jierren hat De Strampel in einekoerprojekt om de bekendheid fan De Strampel út te dragen. Dit jier is it Wilhelminapark yn Grou útkeazen.

It Wilhelminapark hat fan ’t winter te krijen hân mei fûgelgryp dy’t der foar soarge hat dat fûgels dea gienen en oaren romme wurde moasten. Stadichoan kamen der wer fûgels, yn haadsaak wylde einen en sopeinen.

Om de einen nêstgelegenheid te bieden foar it soargjen fan neigeslacht binne der trije kuorren beskikber steld troch De Strampel. Se binne op 3 maart ûnder fakkundich tafersjoch fan Cees van der Meulen pleatst troch de fûgelwacht fan Grou: twa op in strampel yn de fiver en ien yn in grutte monumintale beam.

De kuorren binne makke troch Cees van der Meulen en Bonne Bruinsma út Grou, wylst Cor Snoeij út Alderboarn in part fan it reid levere hat.

Der is ek in filmke makke troch Henk Brinkman fan Press4All.