Categorie: Demonstraasjes

  • Net alle flechters binne sakelju!

    Holwert, 1 jannewaris 2020 By demonstraasje giet it der meastentiids fredich om en ta. Dat wie wat oars by Gjalt de Groot yn it boeremuseum fan Titus de Wolff.Gjalt hat syn aventoer beskreaun en tastjoerd. Flechters binne sakelju.No, hjir it ferhaal. Set it mar op de webside. Ik siet 31 des. by Titus de Wolff,…

  • Flechtsje by de sierdowen

    De Pein/Grou, 13 novimber 2019 No’t de beurs net mear hâlden wurdt, besykje we it einekoerflechtsjen ûnder de oandacht te bringen op tentoanstellings ensfh. Binne van der Velde hat De Strampel fertsjintwurdige op de sierdoweferiening yn Drachten. In entûsiaste Binne skriuwt: Op sneon 9 novimber ha ik in demonstraasje dien fan einekoerflechtsjen yn it fryskconcressintrum…

  • Pompoenmerk Bitgummole

    Bitgummole, 15 septimber 2019 Einekoerflechters fan De Strampel jouwe rûnom yn de provinsje demonstraasjes einekoerflechtsjen. Yn Bitgummole wienen sneon Jaap Schiphof, Jan Lautenbach en Durk Wynia aktyf op de pompoenmerk. Yn in prachtige smûke entûraazje en mei dat moaie waar wie it in tige slagge dei dêr’t in protte minsken op ôf kamen, skriuwt Durk.

  • Monumintedei en âlde ambachten yn Dronryp

    Dronryp/Grou 16 septimber 2019 Op Iepen Monumintedei, sneon 14 septimber, wie der spesjaal yn Dronryp in (fyts)rûte útset by in tal monuminten del dy’t iepensteld wiene. De wurkgroep Ald Dronryp hat hjir in protte wurk ynset en it wie ek in grut súkses, skriuwt Yge Walsweer.Hjirûnder syn ferhaal. It begûn om 10.00 oere by de…

  • Lyts praatsje

    Holwert, 3 septimber 2019 Sneon 24 augustus siet ik as einekoerflechter by de túnkersferiening Nut en Genoegen te Snits. Prachtich, wat in romte yn hertsje Snits en wat stie it der by, wat in ferskaat oan grienten en fruchtbeammen. Sa hjir en dêr in túnhokje, inkele mei in keakeljend hintsje, it lûd fan in hoanne.…

  • De Strampel oer de grins

    Cothen/Grou, 1 septimber 2019 Sneon 31 augustus ha de bestjoersleden Durk Wijnia en Bonne Bruinsma De Strampel ferstjintwurdige op it Oogstfeest Kromme Rijnstreek yn Cothen yn de provinsje Utrecht. Fan moarns 9:30 oere oant 17:00 oere wiene dêr ferskate aktiviteiten dy’t allegearre in relaasje hienen mei de agraryske sektor. It feest wurdt sûnt 2007 om…

  • Gearwurking Strampel / Boeremuseum slagge

    Grou/Flânsum, 31 desimber 2018 Fan Twadde Krystdei oant en mei Aldjiersdei kamen in pear hûndert minsken ôf op it unike museum fan Titus de Wolff yn Flânsum. De gearwurking tusken Strampel en Museum koe net better. In belangstellend publyk, jong en âld! Cees van der Meulen siet dêr as fertsjintwurdiger fan ús feriening. Der wie…

  • De Strampel by Poppenwier yn en út

    Poppenwier, 24 en 25 novimber 2018. Dit jier wie De Strampel foar it earst oanwêzich by de manifestaasje Poppenwier yn en út.  Beide dagen wiene der flechters en in tafel fan De Strampel mei wat lytsguod dat mei it flechtsjen te krijen hat. Wy hienen de beskikking oer de grutte seal fan doarpshûs De Trilker.…

  • Kulturele Haadstêd yn Holwert, 12 sneonen en hûnderten minsken

    Holwert, 25 augustus/1 septimber 2018. (Algemiene meidieling: as jo op de foto’s klikke, dan wurde se meastentiids grutter en moaier.) Nei de wike fan it geweld fan de Reuzen en  de Alvestêdetocht-Reus skittere sneon 25 augustus foar de 11te sneon de Kulturele Haadstêd-stjerre wer op de rûte fan Follow the Blue Line, it flaaks projekt yn…

  • Jan Falkena yn LJOCHTSTILL, KH 2018

    Earnewâld, 11 augustus 2018. Jan Falkena yn aksje op ‘Ljochtstill’ yn Earnewâld. hy hat der al twa kear earder sitten en yn septimber komme der noch trije demo’s, alles yn it ramt fan KH 2018! De betinkers fan Ljochtstill sizze dersels it folgjende oer: ‘Ljochtstill’ brengt natuurbeleving en kunst samen. Grote glazen koepels in en rondom…