Categorie: Nijs

  • It nije flechtseizoen is wer oanbrutsen

    door

    in

    Grou, 23 oktober 2023 De ôfrûne tiid ha ferskate flechters wer op (kreamke-)merken stien. Fan de Kooistra’s t Dokkum ha we lêze kinnen dat se gauris op ‘en paad wienen. Koartlyn wiene se op lêste iepoeningsdei fan De Kruidhof yn Bûtenpost. “In frisse noardwestewyn, mar mei in flau sintsje en in protte folk wie it…

  • In duorsume koer

    door

    in

    Grou, 18 oktober 2023. Nei’t yn 2020 by Bonne Bruinsma yn Grou alris in stikelbaarch yn in einekoer syn wenplak fûn hie, is dit no ek op in oar plak it gefal. Cees van der Meulen meldt; “Fan in famylje dy’t in pear jier kuorren fan my kocht hat, krige ik bygeande foto mei de…

  • Hoe’t in heal bedoarne dei dochs noch slagge

    door

    in

    Bakkefean/Âldskoat, 9 oktober 2023 Op sneon 7 oktober ha wy fan de fûgelwacht Heerenveen-Oranjewoud mei trije man/frou by Jan Falkena oan it einekoerflechtsjen west. De dei wie neffens Jan al heal bedoarn omdat wy wat oan de lette kant by de Schaapskooi wienen. Mar de appeltaart dy’t wy meinaam hienen makke it wer goed. We ha…

  • Flechtsje op Wartenster Wetterwille

    door

    in

    Dokkum/Grou 24 septimber 2023 Op de dagen fan Wartenster Wetterwille wienen dit jier ek wer flechters fan De Strampel oanwêzich. Op 16 en 17 septimber lieten de bruorren Kooistra út Dokkum oan de besikers sjen hoe’t sy in einekoer ynelkoar breidzje. Se hiene in moai plakje by it museum, dêr’t dit jier ek oant 1…

  • Kuorren opromje

    door

    in

    Âldeboarn/Grou, 27 augustus 2023 “Mei dit waar efkes wat dingen dwaan dy’t lizzen bleaun binne”, skriuwt Cor Snoeij. “Dizze kuorren ha ’k opromje. Foarich jier nochris ‘renoveard ‘ mar no is it dochs oer. En der hawwe ek einen yn bret, en de piken binne derút kaam. It moaiste wie dat de ein der oan de…

  • Lette einepiken

    door

    in

    Grou/Bitgummole, 4 augustus 2023 De earste einepiken fan dit jier fleane yntusken. Guon waarnimmers falt it op der dit jier soms einen binne mei in aardich team piken dat grut wurden is. Oft dit yn ‘t algemien sa is, falt lestich te beoardielen, dêrfoar binne der te min waarnimmings. Dochs is it wol nijsgjirrich dit…

  • Eksposysje De Strampel yn museum Warten

    door

    in

    Grou, 2 augustus 2023 Op dit stuit is der in eksposysje fan De Strampel yn it museum Warten. De eksposysje is noch te sjen oant 1 oktober.

  • Kuorkje yn Drachten en Elspeet

    door

    in

    Dokkum/Grou, 24 july 2023 De bruorren Kooistra út Dokkum en Binne van der Velde út De Pein ha der wer op út west. Op 24 juny ha de Kooistra’s op de bernebuorkerij ‘De Naturij’ yn Drachten west te flechtsjen. “It wie suver wat te waarm”, skriuwt Hendrik. “We hienen in prachtich plakje midden tusken de…

  • Puur Natuur

    door

    in

    Holwert 21 july 2023 As einekoerflechter komt der almar mear fariaasje yn de fraach wat te flechtsjen. Sa kaam no de strjitte “Troch de Koer” út Deinum mei de fraach as it mooglik wie 25 kuorbalkuorren te flechtsjen. Dizze moasten tsjinje as strjitfersiering by it doarpsfeest.It is slagge en se binne ôflevere. Eins wol moai…

  • Demo op Jeugdfûgelwachtdei

    door

    in

    De Pein/Grou, 12 juny 2023 Op saterdei 3 juny wie de jeugdfûgelwachtdei fan BFVW, organisearre troch fûgelwacht Burdaard. By De Strampel wie in fersyk kommen om in flechter foar dy dei. Binne van der Velde reagearde fuortdaliks op de oprop op de webside, hy hoegde dêr net lang oer nei te tinken; “Dit is krekt…