Einekoer ophingje

A D V I Z E N   F O A R   I T   K O E R – O P H I N G J E N

Wannear moat de koer nei bûten?

Tusken 15 febrewaris en 1 april. Op syn lêst 1 july wer drûch ûnder dak opbergje. De rûchte, plûm en gelde aaien derút helje. oppasse dat der gjin frjemde rook oan komt, bygelyks fan katten..

Wat moat der yn de koer?

Bygelyks wat koart knipt reid. De ein bestoppet syn aaien dêrmei. In útbrette koer skjinmeitsje en wer koart knipt reid deryn foar de twadde lêch. As der gjin rûchte yn de koer leit sloopt de ein jo koer.

Einen hawwe in hekel oan frjemde gasten.

Katten, krieën, wezelings, murden, marters. De koer yn it wetter, dat is it feilichst.

Op in strampel is it moaist.

Hoe meitsje jo sa’n strampel? Ien stôk skean links en ien stôk derfoar skean rjochts en dan yn de krusing fan dy twa in tredde stôk skean nei efteren. Goed yn ‘e grûn stekke en de trijepoat mei tou of in pear lange spikers ta in ienheid meitsje. De koer mei in stikje tou stevich op de strampel bine.

Mar yn in beam is ek okee.

Yn de gaffel fan in beam leit er goed. In steuntsje ûnder de koer om tefoaren te kommen dat de koer trochsakket troch it gewicht fan de aaien en it eintsje. In stikje blik of keunststof (amer?) om de stam om de katten te kearen. Op syn minst twa meter heech, katten kinne springe!

Hy moat in bytsje skean hingje.

± 40 graden. Dan kin it eintsje him sa op de ûnderste râne fan de koer delfalle litte om deryn te kommen.

Kinne de pykjes wol fan in hichte op ’e grûn falle?

Dat kin hiel goed. Je witte nea krekt wannear’t se útkomme, mar it rêdt himsels wol. De dûnsfearkes wurkje as parasjútsjes.

Twa einen yn ien koer?

Dan de helte fan de aaien út de koer helje, want ien ein kin gjin 20 aaien waarm hâlde. De sterkste ein sil briede.

Einen nea fan it nêst jeie.

Set de koer sa dat de ein jo oankommen sjocht. Wolle jo yn de koer sjen, klopje dan op de beam of meitsje wat leven. Middeis om in oere as fiif  is de bêste tiid om yn in koer te sjen.

Hoe lang briedt in ein?

In ein briedt 27 dagen.