Flechtsjen op Korn- und Hansemarkt

Grou, 6 jannewaris 2020

Troch kontakten fan Gjalt de Groot mei de organisaasje fan de Korn- und Hansemarkt yn Haselünne is der de mooglikheid in flechtdemonstraasje te jaan op de Korn- und Hansemarkt op 12 en 13 septimber. Gjalt kin sels net.

Haselünne is in plak mei 14.000 ynwenners, en leit krekt oer de grins by Emmen. De merk wurdt om de twa jier hâlden en der komme in soad minsken op ôf.

Immen dy’t ynteresse hat kin him/har melde by it bestjoer, dat dan fierders de kontakten leit. De organisaasje kin foar in oernachting soargje.

Mear ynformaasje op de webside fan de Korn- und Hansemarkt.