Leafhawwer(s) frege foar demonstraasje Aldskoat

Aldskoat, 16 maart 2019

Lutske Visser freget leafhawwer(s) foar de Skoatter Merke op 2e Pinsterdei.
Sy skriuwt:

Ik bin frege oft ik ek minsken wit dy’t op moandei 10 juny (twadde Pinksterdei) einekoer flechtsjen demonstreare wolle? Yn Aldskoat. Op dizze dei is der al hûnderten jier in jiermerk yn Aldskoat. De Skoattermerk.

Froeger mei allerhande bisten en de hynstemerk. No noch wol de hynstemerk mar troch allerlei regels allinnich noch wat lyts plomfee. En fierders hieltiten minder ferskaat oan kreamkes. En hieltiten mear hamburgertinten e.d.

No ha se it idee om in hiel terrein yn te rjochtsjen foar âlde ambachten. En fandêr dizze fraach. Ik wol/kin der net stean. Ha dizze dei altiten sels al in protte drokte mei minsken dy’t by my komme foar kofje/ drankje ed. En dat is fiersten te gesellich om mei te stopjen. Kin dizze fraach op de website plaatst wurde?

Fansels is it net allinnich foar demonstraasje mar ek om te ferkeapjen.

Mei freonlike groet: Lutske Visser, Kolfbaan 1, Aldskoat
0611425355

Sjoch de Spulregels foar demonstraasjes.