Demonstraasjes troch leden fan ‘De Strampel’

Demonstraasjes kinne streekrjocht by leden oanfrege wurde. Dan giet dat bûten ‘De Strampel’ om. Mar as de oanfraach by ‘De Strampel’ binnenkomt, dan jilde de folgjende regels:

Spulregels foar demonstraasjes:

Op oanfragen foar it jaan fan in demonstraasje-koerflechtsjen dy’t fia ‘De Strampel’ binnenkomme en troch it Bestjoer op dizze side by Fraach en Oanbod set wurde, kin elk lid, dat dêr niget oan hat, reagearje. Strampel-lid en oanfreger meitsje in ôfspraak oer datum, tiid, plak, fergoeding en de ferkeap fan kuorren.
As it Strampel-lid ta in oerienkomst komt mei de oanfreger, jout it Strampel-lid dat troch oan skriuwer (bestjoer@de-strampel.nl), 06-19762962. De skriuwer hellet dan de oanfraach fan de webside om it beljen fan oare Strampel-leden tefoaren te kommen.

Demonstraasjes wurde jûn troch: