Earste en lêste koer

Grou, 23 septimber 2020

In einekoer flechtsje is in ambacht, it is de keunst fan it flechtsjen mei reid en flaaks. Út dy twa ûnstiet in nije skepping, in ding dat der earder net wie. As je dat sa beskôgje, dat flechtsjen fan in einekoer, dan is it hiel bysûnder.

Boppesteande gedachten kamen by my op doe’t ik myn earste koer fan septimber 2020 flocht. It is in symboal, it is emoasje. En ik sil jim koart fertelle wat ik dêrmei bedoel.

Mei Popke van der Zee fan Mantgum, âld-Strampellid, ferstoarn op 8 augustus fan dit jier op 64-jierrige leeftiid nei in earnstige sykte,  snie ik op 13 juny reid yn Grou. Hy wol noch al wat einekuorren meitsje, ek mei it flaaks dat der moai foarstiet op syn tún yn Mantgum, sa skriuwt er my.

Popke op de beurs yn Poppenwier. 25 febr. 2017

Popke hie in passy foar it toaniel. Mar boppe-al wie er natuermins, fiskje, jeie, aaisykje, yn it frije fjild wêze, túnkje op syn folkstún … en einekuorren flechtsje. Dy lêste koer, … dat soe foar him  in emosjoneel ôfskie wurde fan de ferbûnens fan syn libben mei de natuer. It is der net mear fan kommen.

Nei syn ferstjerren haw ik it flaaks fan syn folkstún yn Mantgum helle en it reid dat we tegearre snien hawwe, ophelle. No is syn lêste koer flochten, de sirkel is sletten. 

de earste en de lêste koer, flochten op 17 septimber 2020

Myn earste koer is in hommaazje oan Popke, in freon mei in grut hert foar de natuer.

Cees van der Meulen

Popke van der Zee, 1956 Ryptsjerk – 2020 Mantgum

Trochrinnend seizoen

Grou, 16 septimber 2020

Bouwe de Groot ût Grou sit net in soad stil: hy is it hiele jier dwaande mei syn einekuorren en fûgelhokjes fan reid. Trochrinnend seizoen, neamt hy dat.

Hjirûnder de stân fan saken fan syn aktiviteiten mei oan ‘e ein ek noch in winsk en in suggestje foar de jiergearkomste.

Wie Johannes van der Meer al in juny betiid oan it reidsnijden, ik ha juster it lêste foar mij dit jier snien en te droegjen lein; dus op 15 september. Ferline jier wie it 14 september, seach ik op facebook stean, dus it seizoen wurd hieltyd langer. De earste kuorren foar 2021 binne al wer besteld en makke, sneon wurde ze ophelle foar in jierdei.

Juster in frjemde dei: moarns earst te reidsnijden, en doe fan it moaie flaaks fan Gjalt de earste bosken rûpele en yn hânsume boskjes bûn, de kopkes en de woartels derôf. Doe noch 2 kuorren draaid.

Foar in 100 kuorren ha ik materiaal klear lezen, dat it kin mar wêze de kommende moannen. 

Ik hoopje op in ‘vindingrijke’ jierfergadering. Miskien oerdei op in terras yn de sinne, dit wurd al mear dien. Mar wol op in moai lij plakje.

Oant safier eefkes myn stân fan zaken.

Groetnis,
Bouwe.

Gjin piken

Aldeboarn/Grou, 15 augustus

Gjin einepiken, skriuwt Cor Snoeij.

Better in einepiek as in lege dop.
Jammer, al myn kuorren leechhelle troch de bekende brune rôver.

Cor ferwiist dêrby ek nei it artikel yn De LC fan sneon 8 augustus.

Bron: Leeuwarder Courant

Nettsjinsteande it minne resultaat is Cor al wer drok dwaande mei it sammeljen fan it flechtmateriaal foar takom seizoen.

Yn de wiete rite yn juny moast der ek reid drûge wurde. Eltsenien docht it op syn eigen wize. Mar drûch wurd it, skriuwt Cor.

Ek yn Grou flaaks lutsen

Grou, 13 augustus 2020

Ek yn Grou is it flaaks ree om lutsen te wurden. Tongersdeitemoarn ha Cees van der Meulen (de flaaksboer fan Grou), Jan Falkena en Bonne Bruinsma it flaaks lutsen op it stikje grûn op de folkstûn. Cees hie dêr fan ’t maitiid flaaks siedde en no wie it nei goed 100 dagen tiid om it derôf te heljen.

Ûnder lieding fan Jan en fan kommintaar foarsjoen troch Cees waard tsjin njoggenen útein setten. It wie al waarm mar aldergelokst stie it flaaks noch yn ’t skaad, al kaam de sinne al rillegau oer de beamwâl kypjen.

Nei’t it fjildsje earst troch Jan op de foto fêstlein wie, waard der úteinliks in moai nustje flaaks lutsen, dêr’t Cees wol in skoftke foarút kin. Oan belangstelling wie gjin gebrek.

Efkes op de foto’s klikke foar in better resultaat

Flaaks lûke by hyt waar

Dokkum/Grou 12 augustus 2020

Gjalt de Groot hat dit jier wer flaaks ferboud op in stik lân.

De ôfrûne dagen wie it safier dat it flaaks lutsen wurde koe. Gjalt syn pakesizzers, dy’t ferline jier sok goed wurk levere hiene, wienen ek wer fan de partij krektlyk as in pear frijwilligers. Fanwegen de waarmte waard moarns betiid by opkomst fan de sinne begûn. Jan Falkena wie der ek dit jier wer by. en skriuwt:

Fan ‘e wike binne we moarns om healwei seizen moarns bigûn te lûken.We giene dan troch oant healwei alven. Om ‘t ek de fammen fan Gjalt meidienen en in pear frijwilliger gie it moai fluch. Jûns giene der ek noch in oantal troch. Fan ‘e moarn om healwei alven hiene we alles klear.

Hjirûnder in pear (sfear)plaatsjes fan dit flaaksprojekt.

Einen ferfearje

Grou, 12 augustus 2020

It wie de iofrûne tiid stil yn it fjild mei einen, men seach amper mear in ein fleanen. Wikenlang sieten se stil byinoar om de âlde slach- en sturtpinnen ôf te stjitten en te ferfangen troch nije.
It ferskil tusken in eintsje en in jerke wie amper te sjen; allegear hienen se sawat itselde fearrepakket. Dit ferfearjen bart nei de briedtiid; de einen kinne dan in moanne net fleane.

By de folkstunen yn Grou siet dagenlang op it stalt tuaken de reiden in ein ferdekt opsteld om te wikseljen fan fearren. Op de foto is te sjen dat se net in apart húske ha. Yn de feart lizze de âlde fearren.

Op de oare foto sitte de einen yn de beboude kom fan Grou njonken inoar op de wâlbeskoaiing.

De 11 agraryske eine-eilannen oan de Headyk yn Dronryp

Grou, 11 augustus 2020

Fan Yge Walsweer kaan dit ynteressante stikje oer it eineprojekt fan Dronryp.

It wylde eineprojekt by Bauke Rosier en Jaap Tjaarda is wer in súkses wurden, foar it tredde jier noch wol.

Mei in winter sûnder snie en iis koene we diskear net fan it iis gebrûk meitsje, dit wie jammer. Op 26 februaris mei in hurde wyn binne we dochs útein setten: mei de kuorren op it flot en farre mar. Dit foel lykwols goed tsjin. De skipper koe net de goeie koers hâlde fanwege de hurde wyn, we bedarren hieltyd wer op leger wal. Wy seine: dit wol net…, we moatte op stiller waar wachtsje.

Op 28 febrewaris wie it yndied gâns better en ha we 24 kuorren útset, hjirnjonken binne er noch 2 appartemintenkompleksen dy’t altiten stean bliuwe (permaninte fergunning!).

Op 6 maart, by de earste kontrole die bliken dat er al 5 kuorren mei aaien wiene. En op 18 maart wiene er al 19 kourren beset.
Op 8 april tidens de 3e kontrôle seagen we al jonge einepiken swimmen, der wiene doe 22 kuorren beset. Ien nêst wie beset troch in nylgoes, en we fûnen noch in nestke fan it boumantsje (witte kwikstaart).

Op 28 april sieten der al einen foar de twadde kear te brieden, de earste piken wiene se al kwyt. We hoopje op wat waarmer waar, want it is sa skraal.

Op 25 maeie hiene we wer kontrôle en wiene er 22 kuorren beset; op dit telmomint sieten er noch 10 einen te brieden op de twadde lêch. Hjirnjonken hiene er noch twa bercheinen in plakje fûn yn de kuorren. Fan de twadde lêch binne lykwols wol in soad piken útkaam en grutbrocht.

Yn it appartemint siet ek noch ien nylgoas te brieden en yn selskip fan in nestke kwiksturten. Yn it oare appartemint sieten 2 kokmokken en in nestke mei 6 jonge kwiksturten, no mar ôfwachtsje hoe’t it komt mei de pykjes.

De mannen Bauke Rosier, Jaap Tjaarda, Tamme Veldstra, Sander Hempenius en Johannes van der Meer wurde tige betanke foar de meiwurking foar it wolslagjen fan dit bysûndere eineproject.

Dronryp; 27 July 2020

Mei Groetnis,
Tamme Veldstra, Johannes van der Meer, Sander Hempenius.

Farsk reid yn oanbieding

Broek/Grou, 6 augustus 2020

Yn Broek lizze by Gerben van der Meer sa’n 100 bosken/bundels prachtich reid te wachtsjen op in leafhawwer.

Kosten: € 2,50/bundel.

(06) 17 40 50 88

Klik op foto foar grutter resultaat.

Stikelbaarch

Grou, 15 july 2020

Wy ha al fan alles foarby kommen sjoen wat yn in einekoer oantroffen is. Dêr kin no ek in stikelbaarch oan taheakke wurde.

In âlde (te lytse) koer hie ‘k achter yn de border dellein om ûnder de hage te kompostearen. Earder hie alris ien fan myn krielhintsjes har aaien yn dy koer lein. Fannemoarn soe ik de hage snoeie en doe lei de âld koer wat yn ’t paad. Ik pakte de koer op en soe him earne oars tydlik in plakje jaan. It foel op de de koer aardich swier wie, dat ik seach yn de koer en ta myn ferbjustering seach dat der wat yn de koer siet: in stikelbaarch hie in plakje fûn yn de koer.

Ik ha de koer mar gau wer te plak lein en de stikelbaarch mei rêst litten.

Sa sjogge wy mar wer dat in einekoer mear is as in nêstplak foar einen…

De stikelbaarch yn de koer

Bonne Bruinsma