Fan de tsjerkebank yn ‘e waadbroek

door

in

Grou / Dokkum, 21 maaie 2016

Hendrik Kooistra fan Dokkum skriuwt ús it folgjende:

Doe’t ik ferline wike de sneinemoarns thúskaam út tsjerke, stie de buorfrou foar de doar, súver wat yn ûnstjoer, der sieten  3 einepiken ûnder de einekoer mar de âld ein wie der net, oft ik wol efkes sjen woe.

Ik de waadbroek oan en yn de koer loere,  no de âld ein wie noch net klear.

Oardeloere letter swommen 10 stikjes goud achter de mem oan, prachtich!