De maitiid stiet yn Wurdum foar de doar!

door

in

Wurdum, 27 febrewaris 2017

2017-02-25 12.03.25Jinke Kuperus skriuwt  – mei in knypeach – oer de belangen fan mins en natuer en mei each foar de rykdom fan it Frysk:

   “Juster hawwe we einekuorke en dêr krije jo einepikefel fan. En as it einebit fuort is, sette wy de einekuorren op de ein fan ‘e leane op de  einekoerskammel. Dan kinne wy einemelke as de eineaaien komme en as it eineplom yn de koer sit  litte wy de ein sitte.  As it einekroas dan wer yn de sleat leit, komme  mei einepikewaar de einepykjes út de einekoer rûgeljen. No dêr is de ein fan wei“!