Sander, Tamme en Johannes op sterk iis

door

in

Dronryp, 3 maart 2018.

Yge Walsweer fan Dronryp skriuwt it folgjende:

    Ofrûne sneontemoarn wiene dizze mannen Sander Hempenius, Tamme Veldstra en Johannes van der Meer drok dwaande om 21 einekuorren in plakje te jaan by de plas/dras stripe fan boer Rosier yn de  puollen ûnder Dronryp. Sterk iis, mar stjerrende kâld, mei troch de wyn fansels. Mar it iis wie in moaie gelegenheid om de kuorren dy’t fan’t winter makke binne in plakje te jaan foar de eintsjes. Mei út namme fan Johannes stjoer ik jim  in pear foto’s ta. Moai dat we sokke dingen diele kinne.De koer op de foargrûn hat Sander sels makke. Mei groetnis, Yge Walsweer, Dronryp.