De stienmurd de baas

door

in

Mûnein, 20 febrewaris 2021

Op myn 14e kocht ik myn earste einekoer foar tolve-en-in-heale gûne fan Tom Postma út Âldtsjerk, de einekoerflechter út de Trynwâlden.
Ik hie jierdei west, en wat wie ik ôfgryslik bliid mei dizze koer.

Doe’t ik fan skoalle kaam – heit molk doe noch – sei heit: Moatst mar ris yn de koer sjen (troch it kowerútsje fan it dwersbûthús hie hy it each derop). Nei tolven en mei skjinne hannen!

Heit hie gelyk, ik hie myn earste eineaai yn myn eigen koer. Wat een belibbing fan lok wie dat. Fanôf dat momint oant oan no, likernôch 31 jier, ha ik elk jier einekuorren ophongen yn de beammen; ik ha hjir spitigernôch gjin wetter wêr’t ik de kuorren op strampels sette kin.

Yn 2014 feroare de boel troch de komst fan in nije predator fan˙t it easten fan it lân: de stienmurd. Regelmjittich wurde de kuorren leechrôve en begjinne de einen skruten te wurden. It wurdt hjirre hieltyd wer dreger foar de ein, mar ek foar de blaudo om ta briedsúkses te kommen. De tiid en enerzjy dy’tsto deryn stekst hat dêrmei om ‘e nocht west, dus dit moast oars.

Op nei fan der Wal beamroaierij foar in pear juffers fan 6 meter lang, in kraachje fan gaas om de peallen en in pear hålders derop; nei it sudeasten ( de moarnssinne moat yn de koer skine as de ein op it nêst sit).
No mar wer in bytsje moed hâlde, en hoopje dat it dit jier wer slagje mei!

Ek elkenien wer in soad sukses tawinske foar it kommende jier.

Groetnis,
Riepke Glas fanút de Wâlden.

De Trynwâldster kuorren op in peal mei in spesjale stielen konstruksje