Blaudokes en reidhintsjes kreakje einekuorren

door

in

Grou / Wergea, 25 maaie 2016.

Lolke van der Meer fan Wergea fertelde dat by de Himpenser mole dêr’t hy mûnder op is, blaudokes mar wat graaach yn syn kuorren briede. Ien fan dy dokes wie sa brutaal dat er de ein fan syn aaien jage en twa aaikes op it bêd eine-aaien lei. It doke naam de wente oer en de ein moast belies jaan!

Dit jier hawwe de reidhintsjes ek al wer in koer kreake! De pykjes binne juster útkaam!