Botulisme? Warskôging!

door

in

Omrop Fryslân skriuwt op 22 july, 2014 – 16:44

Op De Gordyk binne tiisdei deade einen fûn yn de wenwyk Loevestein. De gemeente Opsterlân lit ûndersykje oft der mooglik sprake is fan botulisme. De definitive útslach komt pas oer in pear wike, mar de gemeente warskôget wol om foarsichtich te wêzen en it wetter yn de wyk net te brûken. Dat betsjut dat der net swommen wurde moat yn it wetter, dat jildt ek foar hûnen.

Minsken dy’t deade bisten fine, moatte dat melde by de gemeente en se beslist sels net oppakke.