De einekoerproduksje fan Kees

door

in ,

Wikel/Grou, 3 jannewaris 2020

Kees Terpstra hie dit winterskoft in aardige opdracht: 150 kuorren leverje oan de NWE Skarsterlân. Fan dy 150 hat Kees der 100 makke, de oare 50 komme fan oare flechters.

Dat Kees moaie kuorren makket, wurdt troch in soad minsken ûnderskreaun. Dat hy dêrfoar syn eigen metoade ûntwikkele hat, makket nijsgjirrich en dêrom ha Cor Snoeij en ik (Bonne Bruinsma) 3 jannewaris by Kees west om de technyk fan syn flechtsjen fan wetterlânkuorren te learen.

Nei in koarte rûnleiding troch de pleats fan Kees en Hinke – oan reid en einekuorren wie te sjen dat hjir in flechter wennet – bedarren wy yn de flechtromte fan Kees: it eardere melklokaal. Mei syn trijen op in rige, it reid yn de kroaden, setten wy útein.

“No”, sei Kees, “ik begjin altiten sa”, en hy die foar hoe’ t in boskje reid mei in knoop it begjin fan de koer foarmet. Nei earst wat gepruts hienen wy al rillegau troch hoe’t de metoade Kees wurket.

De wetterlânkuorren dy’t ik (Bonne) oant no ta makke ha, wienen allegearre neffens de flaaksmetoade sa’t ik dy by Gjalt leard ha. By dy metoade kin it reid net te folle draaid wurde, om’t dan de nuddel hast net mear troch it reid stekke wol. Foar de stevichheid fan de kuorren makket it net folle út hokker fan de twa metoaden je tapasse.

Nei in pear oeren flechtsjen wie it resultaat trije moaie, stevige wetterlânkuorren. Mei dy fan Kees fansels as moaiste…

Efkes op de foto klikke foar in grutter byld.