De flaaksboer fan Grou

door

in

Grou, 26 april 2020

Cees van der Meulen is in warber man. Op hege leeftiid begjint hy noch oan in nij berop: flaaksboer. Op in hoekje fan it folkstúnkompleks yn Grou hat hy in stikje grûn tabedield krigen om dêr flaaks te ferbouwen.

In einekoerflechter moat foarút tinke: wolle je fan’t winter (klaai)kuorren flechtsje, dan moat der no tocht wurde oan flechtmateriaal. De stelregel is dat flaaks op de 100ste die ynsiedde wurde moat, 100 dagen letter kin it dan rispe wurde. Reid kin simmerdeis en soms ek yn de hjerst noch wol skard wurde.

Dat Cees sette ein maart útein. Earst waard de grûn frije makke fan túch, doe is it freesd en dêrnei koe it bewurkjen fan de grûn fierder gean. De kluten waarden fyn makke en as lêste waard de grûn netsjes oanharke en flak makke. Cees is in krekt mantsje, dat kinne jimme wol sjen op de foto: de grûn leit der by as in swart biljertlekken.

Maar om it flaaks groeie te litten moat der ek focht by. Dat is mei de drûchte fan de lêste wiken wol in probleem. Mar Cees soe Cees net wêze as der net in oplossing wie. In kollege túnker hie in wetterpompke en mei in sleat fol wetter en wat ekstra slangen wie it drûchteprobleem gau oplost.

Alle dagen efkes sproeie en nei in lytse wike brûst it earste flaaks de grûn al út…