De natuer op syn moaist

door

in

Grou, 2 maart 2019

Cees van der Meulen út Grou sjocht op sneontemoarn hoopfol út it finster en ja hear: in ein op ‘e koer. Foar in einekoerflechter itselde as in moai ljipke foar de aaisiker.

Cees skriuwt:

By de rituelen fan de einen om ta lizzen en brieden te kommen heart it ynspektearjen fan de koer. Dan binne de sierlike avânses fan it spantsje al wat dagen geande. Meastentiids giet earst it jerkje op ferkenning út en dan folget it eintsje. Waaks en hoeden. Hy sjocht ta sy is no oan bar. Alles yn folle harmony. De natuer op syn moaist.

It eintsje op ‘e koer, de jerke sjocht ta…

Efkes op de foto klikke, dan it is better te sjen.