De Strampel hat in logo!

door

in

Grou, 2 desimber 2013.

Strampel logo F

De leden fan De Strampel hawwe mei dúdlike foarkar keazen foar in ûntwerp-logo, makke troch Durk Wynia fan Bitgummole. It is in strak stilearre einekoer-op-strampel. Op de webside, de spandoeken, op brievepapier en folders sil tenei dat logo brûkt wurde as byldmerk fan de feriening.

Ien fan ús leden, Ids Witteveen, skriuwt by syn kar in treflike motivaasje:

” ….. het logo-pur-sang vind ik A het meeste bij de vereniging passen. Duidelijk zonder opsmuk.”

Nochal wat stimmers soene graach ek de namme fan de feriening by it logo stean sjen. Dat sil yn de praktyk ek barre, miskien net direkt ûnder it logo, mar wol yn de buert, derneist bygelyks.

Alle ûntwerpers en stimmers tige tank!