Earste (boerehiem)eine-aaien 2016 binne der al!

door

in

Grou, moandei 4 jannewaris 2016.

Bouwe de Groot fan Grou, aktyf flechter en natuerleafhawwer,  fertelt it folgjende:

‘Fan ‘e  moarn om 11 oere moast ik even de druk fan de blaas helje  efter de dongbulte by in boer yn Idaard. En ja hear, yn de wite snie siet in ein op it nêst en ik jage him derôf en sân moaie aaien laken my ta. In boerehiem-ein dus. Al ferskate wiken hie ik derop loerd, it jerkje die syn plicht regelmjittich, it koe hast net útbliuwe! Gau nei hûs ta  en op in stikje roggebrea ha ik my it earste eine-aike fan 2016 lekker smeitsje litten!’