Earste piken by Jan Falkena

door

in

Oerterp, 19 maart 2020

Sa’n trije wiken earder as ferline jier seach Jan Falkena de earste einepiken út syn koer kommen. Ek no wer 13 stiks.

Jan skriuwt:

Fan ‘e moarn gie de ein fan it nêst. Ik haw doe in foto makke fan de pykjes yn ‘e koer. In pear oeren letter swom er fuort mei trettjin pykjes. De oare foto’s binne fan myn frou, myn battery wie leech.

Kreklyk as ferline jier gean de pykjes no ek in kâlde rite temjitte mei skraal waar en nei it wykein froast yn de nachten.
Wy kinne sizze dat de skiednis him by Jan werhellet.