Einaaien it hiele jier rûn

door

in

Grou, 6 jannewaris 2020

Wa’t in soad yn it fjild is belibbet wolris wat. Bouwe de Groot is der ek gauris op út en mei syn aventoeren graach diele mei oaren. Diskear in sterk ferhaal oer betide einaaien. Hy skriuwt:

Ik tocht: sil ik wer melde of net. Mar hjirby toch mar even. 

Echte wylde einaaien lyts en grien fan kleur leine yn de koer op it hiem fan boer Hofstra. Fiif stiks. Miskien had de ein wolris mei-iten fan it foer wat der rûnstruid is op it hiem. Mar fan in loopein is gjin sprake. De lêste wiken ha ik al ferskate jerken trêdzjen sjoen.

Der hat noch gjin froast west, en foldwaande moai gers. Dus folop iten foar de einen.

Dat de natuer yn de war is ondekte ik de wike nei de krystdagen: in hazze dy’t noch lytse jongen hie yn it lân.

As der net folle froast komt ha de einen ein febrewaris folop aaien.

Op de foto 4 aaien. Want nûmer 5 smakke tige goed op in stikje roggebrea.

Allegearre goede maitiid mei protte aaien tawinske.

Bouwe.