Einekoerprojekt 2021

door

in

Grou, 3 maart 2021

Alle jierren hat De Strampel in einekoerprojekt om de bekendheid fan De Strampel út te dragen. Dit jier is it Wilhelminapark yn Grou útkeazen.

It Wilhelminapark hat fan ‘t winter te krijen hân mei fûgelgryp dy’t der foar soarge hat dat fûgels dea gienen en oaren romme wurde moasten. Stadichoan kamen der wer fûgels, yn haadsaak wylde einen en sopeinen.

Om de einen nêstgelegenheid te bieden foar it soargjen fan neigeslacht binne der trije kuorren beskikber steld troch De Strampel. Se binne op 3 maart ûnder fakkundich tafersjoch fan Cees van der Meulen pleatst troch de fûgelwacht fan Grou: twa op in strampel yn de fiver en ien yn in grutte monumintale beam.

De kuorren binne makke troch Cees van der Meulen en Bonne Bruinsma út Grou, wylst Cor Snoeij út Alderboarn in part fan it reid levere hat.

Der is ek in filmke makke troch Henk Brinkman fan Press4All.