Einekuorkjen, in ieuwenâlde tradysje

door

in

 

Strampel logo F

Dat it kuorkjen in ieuwenâlde tradysje is, witte we út âlde kroniken. Yn 1596 waard de koai fan Feankleaster te keap oanbean. De ferkeaper omskriuwt wat der allegearre diel útmakket fan de keap. Hjir de passaazje dy’t foar ús, koerflechters, ynteressant is:

d’voorschreven koey met de geheele vlucht van eynden telingen ende andere gevoogelt mitsgaeders korven praem ende alle ’t gene bij den koeij is ende des daer toe behoort niet wtgesondert daertoe des gereg. anpart huijsinghe met ‘gene daeraen aert spijcker ende naegelvast is ende daer toe behoort. Item boomen plantagie dongh ende praetense slatten in alles getauxeert ende geastimeert (…)’.

…… de koai mei allerhande fûgelguod en ek kuorren ……

(De tekst komt fan Gerard Mast fan Stiens, dy’t 15 novimber fertelde oer de histoarje fan einekoaien yn Fryslân. Grou/Stiens, 21 novimber 2013)