In eine-aai wie in dûbeltsje wurdich

door

in

Grou, 17 desimber 2013

Foto, makke yn Earnewâld en beskikber steld troch Bonne de Jong, dy’t dêr eartiids wenne. (Bonne wennet no yn Oerterp en die mei oan in flechtkursus by Jan Falkena yn Bakkefean)

Yn it jubileumboek ‘In beskerme basterd’ (2012) fan de ‘De Doarpsein’ yn Ryptsjerk stiet it folgjende:

‘Yn Earnewâld wie it sa dat foar elke koer dy’t men útsette in dûbeltsje betelle wurde moast. Dêrfoar krige men dan in lyts houten labeltsje mei dêryn in nûmer gravearre. Dat labeltsje waard oan de koer fêstmakke sadat men kontrolearje koe wa’t de eigner wie. It koerjild brûkte men foar it keapjen fan foer om de einen winterdeis te fuorjen.’

Oant safier ‘De Doarpsein’.

Noch mear ynformaasje oer einen en aaien:

De minsken ieten graach in eine-aike, mar net allinne dat wie de reden om kuorren te flechtsjen! Fan in man, in boeresoan út de omkriten fan Boalsert, hearden we dat net allinne folwoeksenen, mar ek bern op it plattelân yn de winter kuorren flochten en yn ‘e maitiid  aaien fandelen om dy foar in dûbeltsje oan de bakker te ferkeapjen . In moaie bûssint!

Ein april, lykrinnnend mei de slutingsdatum foar it ljipaaisykjen, waard it ‘melken’ beëinige om sa de hin dy’t de gouden aaien leit net te slachtsjen.

Wa’t noch mear wit hoe’t it eartiids gie: stjoer in mailtsje nei bestjoer@de-strampel.nl