Einekuorren yn alle soarten, maten en kleuren

door

in

Grou/Aldeboarn, 8 maaie 2019

Cor Snoeij út Aldeboarn is in soad mei de fyts op ‘n paad. Hy swalket dan troch de hiele provinsje. Ûnderweis jout er syn eagen goede de kost; net in einekoer ûntkomt him. Sjocht hy wat bysûnders, dan pakt hy syn kamera en makket in plaatsje. Hjir in kollaazje fan kuorren dy’t wat oars as sljochtweihinne binne.

De ûnderskriften binne fan Cor Snoeij.

Op de foto hjirûnder liket it spegelbyld yn it wetter oars as as it byld boppe wetter. De foto is lykwols net bewurke.

‘Ûnbewenber! Wurk oan ‘e winkel foar de fûgelwacht fan Hallum-Marrum-Ferwert.’

‘Dizze koer makke my nijsgjirrig dus bin ik fan ‘e fyts ôfstapt en myn nijsgjirrichheid kenber makke oan de minsken dêr ‘t de koer stie. It blykt dat der in plastik blompot yn sit. En omklaaid mei tûken. It fremde wie dat der in einaai boppe op lei. Dy ein wie dus it spoar knap bjuster.’