Einen en oare gasten yn en by ús kuorren

door

in

Grou/Holwert, 15 maaie 2020

Fan merkels witte we net oft se ek yn kuorren briede. Mar dy oare wetterfûgels en it readboarstke by Jan Falkena sykje soms har heil wol yn in koer.

Fan Gjalt de Groot krigen wy de folgjende ynformaasje:

Juster efkes by de kuorren sjoen by de mûne.  

Yn ien koer  3 eine-aaien, 3 bercheine-aaien en 2 reidhinaaikes. (Alles ferlitten, ien grut gefjocht west fansels)

Yn in koer op it hiem lizze no 3 wikelaaien. Ha út hús wei moai it sicht derop.

De  mûnefeart del roeid, 10 nêsten mei merkelaaien teld.

Ha no 6 rotten fongen yn dy grutte klem.