Einen sykje bysûndere plakjes út.

door

in

Holwert, 20 april 2016.

Soms sykje einen hiel bysûndere plakjes om te brieden.

Sa seagen we by Gjalt de Groot in einenestke yn in skuorre boppe-op in pear pakken strie. Bygeande foto’s yllustrearje ien en oar.

By Gjalt yn de fjilden fine in hiele soad fûgels in feilich plakje om te brieden. Sa seagen we nestkes fan tsjirken,  ljippen, skriezen, strânljippen, wylde einen, samar yn de walkant of yn in lytse rûchskerne midden yn it lân. Wat ek bysûnder is dêr yn it Hege Noarden is dat de eintsjes 24 fan de 27 kuorren brûke om de einestân op sterkte te hâlden. De fûgels wolle wol … as wy se de romte mar jouwe!