Einepiken by Bitgum … en … rekôr tal aaien yn ien koer

door

in

Bitgummole, 1 april 2016.

Durk Wynia dielt it folgjende mei:

‘Ik krige dizze foto fan ‘e jûn binnen fan de earste njoggen einepiken by Bitgum. Dizze ein komt út ien fan de kuorren dy’t heal febrewaris pleatst binne en de ein moat fuortdaliks begûn wêze te lizzen!’

Op 2 april komt der noch in berjochtsje fan Durk:

‘ Elkenien dy’t kuorren makket tinkt stikem dat syn koer de bêste is en it meast yn trek is, mar ik ha no it bewiis!!! In koer mei 20 aaien!!!!!  It kin ek wêze dat ik wat te deun west haw mei it oantal kuorren dat ik ophongen haw  …… ik hâld  it sels mar op it earste’.

(Kommentaar redaksje: Der is gjin koer yn Fryslân dy’t griener is as dy fan Durk, en mar seis lofters! It sit ‘m yn dat unike.)