Einepiken telle

door

in

Dogge jimme al mei? Einepiken telle.

Sovon en Vogelbescherming wolle yn it jier fan de Wylde Ein safolle mooglik gegevens sammelje oer einepiken. 

It tal Wylde Einen is de ôfrûne tritich jier mei in tredde ôfnommen. It ôfnimmen fan it tal ynsekten – einepiken libje fan ynsekten – soe yn fan de oarsaken wêze kinne. 

Ek de predaasje is lykwols grut: hoarnskrobbers, krieën, ielreagers, kobben, snoeken, foksen, ratten, katten; se meie allegeare wol in jong einepykje.

Einepiken binne it meast kwetsber yn de earste trije wiken. As se dy leeftiid helje, dan oerlibje se meastentiids wol. De measten helje dat net.

Yn Nederlân binne noch sa’n twahûndert- oant trijehûnderttûzen briedpearen. Winterdeis kin dit oantal oprinne ta seishûndert- oant achthûnderttûzen, as ek einen út it East-Europa hjirhinne komme.

In ein kin tsien jier wurde. Om de soarte stabyl te hâlden hoege se yn haren hiele libben mar twa piken grut te bringen. Leaver fjouwer, want yn in echte winter wolle der noch wolris wat slachtoffers falle.

Fia de webside kuikenteller.org kinne de meldingen dien wurde.