Els de Groot op Poppenwier Yn en Út

door

in

Poppenwier, 19 novimber 2017.

Poppenwier Yn en Út, in manifestaasje fan kreative minsken

Yn it prachtige doarpke Poppenwier (160 ynwenners) hawwe de minsken ienris yn it jier de huzen iepen stean foar belangstellenden. Dy belangstellenden kinne sjen wat kreativelingen allegearre meitsje of te keap oanbiede. Blommen, skilderijen, akwarellen, sjippe, eigenbreide sokken en festen, bertekaartsjes, krystfersieringen, rútbiljetten,  ensfh.

Mar ek nuveraardige dingen.  Bygelyks in frou dy’t workshops jout foar froulju dy’t yn in prachtige breidsjurk har op har moaist toane wolle … en der in gesellige middei oan belibje wolle. Of om fan it iene uterste yn it oare te fersilen: yn it tsjerkje is in eksposysje fan in timmerman dy’t deadskisten makket fan natuerfreonlik materiaal.

En yn in smûke pleats sit Els de Groot in demo einekoerflechtsjen te jaan. Els is ambasssadeur foar De Strampel. In libbene feriening fan kreativelingen mei 96 leden!