Fan elkoar leare

door

in

Grou, 26 jannewaris 2019

Yn Bitgum kinne twa kear yn ‘t jier leafhawwers trije jûnen achterinoar in koer flechtsje yn ien fan de kassen. Dat binne net allinne begjinners mar ek mear betûfte flechters. Durk Wijnia regelet reid en flaaks en dan kin fan lûns sân oant tsien oere flechte wurde. It bliuwt net allinne by flechtsjen, der wurde ek gâns ferhalen en anekdotes ferteld. Al mei al in tige gesellich basrren.

Cor Snoeij en Bonne Bruinsma fine dat Durk moaie kuorren makket. Sy woenen de keunst wolris ôfsjen fan de learmaster en skoden ek oan. It resultaat wie trije kuorren de man en in pear moaie jûnen.