Film oer De Strampel

door

in

 

movie-reel-clip-art-508364Grou, 27 jannewaris 2016.

Yn 2016 wurdt der in film makke oer De Strampel. Filmer en lid fan ús feriening Eddy Slot hat tasein in film meitsje te wollen oer it riden en farren fan De Strampel. Reade tried yn de film is de gong fan saken yn de Strampel in kalinderjier lang. De einen steane sintraal yn it ferhaal – en – it kin hast net oars – it flechtsjen fan kuorren troch de leden fan De Strampel. Mar ek demonstraasjes, flechtkursussen, it rispjen fan reid en flaaks en nuveraardige eveneminten wurde filme.

As yn 2016 alle bylden makke binne begjint dêrnei it eigentlike meitsjen fan de film.

Wa’t ynteressante foarfallen te melden hat, kin dat ek yn dit nije jier wer dwaan oan de skriuwer. (Cees van der Meulen, 0566-622485 of 06-19225075, of ceesvandermeulen@hetnet.nl) De skriuwer soarget dan foar publikaasje op de webside.

As jim aktiviteiten ûndernimme of foarfallen sjogge, dy’t goed passe soene  yn de film dan graach yn it foar in berjochtsje oan de skriuwer. Dy oerleit dan mei de filmer.