Flaaks 2014 stiet yn bloei

door

in

Marrum / Blije, tiisdei 1 july 2014

Op dizze moaie simmerdei mei moarns noch in pear buikes stie it flaaks prachtich yn bloei. It gewaaks stiet der goed by en Hein Sterk, grut flaaks-kenner en Gjalt de Groot, man fan de praktyk, ferwachtsje dat ein july de rispinge wêze kin.

As it momint fan rispjen fêst stiet, folget dêrfan meidieling op dizze webside yn de rubryk ‘nijs’ en krije alle leden dy’t oer de mail te berikken binne, dêr in berjochtsje oer.

Hjirûnder in pear foto’s fan de fjildsjes by Marrum en Blije, dy’t fan de autodyk rjochting Holwert goed te sjen binne.