It flaakslûken hat wer west!

door

in

flaaks 2016 004 flaaks 2016 012 Hegebeintum, 27 augustus 2016.

flaaks 2016 014It lûken hat by  prachtich simmersk waar syn beslach krigen. In man as tsien hiene it hoekje tsjin de middei al plat.

Grûn en waar diene harres derta en dy makken dat de kwaliteit fan de frucht  net geweldich wie. Tusken it flaaks in soad opslach en sommige stikken wiene net te rispjen, se wiene troch de rein platslein.

Reid en flaaks binne natuerprodukten, soms falt de kwaliteit mei soms in bytsje ôf, mar  de flechters sille dizze hjerst en winter wer prachtige kuorren meitsje, dy’t yn de maitiid fan 2017 hooplik wer in protte einen ûnderdak biede. (foto’s Cees v.d.Meulen en Jinke Kuperus, op foto klikke makket him grutter))

 

dav