Flechters binne ek sakelju.

door

in

Grou, 27 desimber 2019

Cees ferkocht yn twa middeis 8 kuorren yn it museum fan Titus de Wolff. Jan Falkena hat no syn klokjes ynbrocht foar de ferkeap.

Sneon 28 desimber sit Lolke van der Meer foar Cees yn it museum en 31 desimber docht Gjalt de Groot dat. Sa hawwe de besikers fan it museum alle dagen farsk oanbod en kar-út.

It museum is iepen fan 26 – 31 desimber, middeis tusken 13.00 oere en 16.30 oere.