Flechtkursussen fan start gien

door

in

Bakkefean, 9 novimber 2013

Yn de skiepskoai op it Mandefjild yn Bakkefean kaam sneon 9 novimber in ploechje entûsjaste kursisten út Noardburgum yn ‘e lear by Jan Falkena. Op bygeande foto is te sjen dat alle ‘studinten’ oan ‘e ein fan de oplieding mei in diploma, in moaie koer, dik tefreden nei hûs giene.

Ien fan harren, Jappie van der Heide út Noardburgum koene we as 66e lid ynskriuwe!

Jan hat dit neijier al 5 groepen hân en foar de ein fan it jier komme der noch 4!