Frede en harmony …. mar soms in frjemde gast by de kuorren fan Jan

door

in

Gytsjerk, 11 april 2018

Strampellid Jan Oostenbrug skriuwt it folgjende:

’De earste einen oan de lech. De Noardske falk is ek wol apart. Ik makke de foto’s neist ús hûs  op ‘t Set yn Gytsjerk’.

Jan hat soms aparte gasten by syn kuorren. Soms binne it iisfûgeltsjes en dan wer strykt der in Noardske falk (slechtvalk) by ien fan syn kuorren del.
We meie oannimme dat dy gasten gjin kweade bedoelingen hawwe yn de rjochting fan de einen.

Mar mei in Noardske falk kin dat oars wêze. Fan dizze rôffûgel witte we dat er yn dûkflecht mear as 300 km de oere helje kin. Sa plôket er dowen en oar fûgelt samar út de loft. It is ús net bekend, oft er sa ek wolris in einfûgel snapt.
It soe kinne fansels.