Gerzkjende piken

door

in

Grou, 15 maaie 2020. 

Einepiken groeie op fan michjes toarkes en slakjes, mar ek fan de siedden út de gerzen. Begjin maart kaam dizze ein mei 9 piken út ‘e koer. No hat er noch 5 prachtige piken oer. Dat is mei te tankjen oan de waakse mem. As op it tegelpaad in fytser foarbykomt, giet de waakse mem gewoan fierder mei har iterij, mar as de in kuierder mei in hûn yn ‘e buert komt, sjitte mem en piken gau de feart yn.

Blêdzjend yn myn strampelfoto’s ûntduts ik dat de foto fan 2019 fan de ein mei de 12 piken deselde ein is as de ein mei de 5 piken yn 2020 yn it nijgers oan it Nij Djip. De wite stip yn de fearren yn de hals makket fan de ein in yndividu. Frou De Wit neam ik har mar.

Cees van der Meulen