Gesellige ledegearkomste De Strampel

door

in

Poppenwier, freed 28 novimber 2014.

Sânentweintich leden kamen by inoar yn De Trilker yn Poppenwier om yn de jierlikse ledegearkomste werom te sjen op in goed ferieningsjier. De Strampel hat de wyn yn de seilen: in groei fan tsien  makket dat der no 75 leden binne.

Ek dit jier binne der wer demonstraasjes jûn en kursussen koerflechtsjen.   In pear hûndert minsken learden hoe’t in goede koer flochten wurdt.

De leden keazen Gjalt de Groot en Jan Falkena foar in nije perioade as foarsitter en ponghâlder.

Fierders waard der diskusjearre oer de nammen fan de ferskate typen kuorren. Hawwe we it tenei oer in klaaikoer, in wetterlân koer, in wâldkoer, in teannenkoer, in súdwesthoeke koer, in Bertuskoer, in Jinkekoer, of …namme nei it plak, bygelyks in Wergeaster koer ensfh. (Sjoch de foto hjirboppe)

Sneon 28 febrewaris komt der wer in beurs dêr’t demonstraasjes flechtsjen te sjen binne en fansels kinne der wer kuorren kocht wurde.

Yn febrewaris 2015 wolle de leden De Fûgelhelling in oantal kuorren oanbiede as wurdearring foar it goede wurk dat dizze organisaasje foar de fûgels docht.

In ferskaat oan útfieringen, de alhiel reiden koer (5e,8e fan links; Kees Terpstra en Lolke vd Meer en oaren) , de flaaks-reid koer (1e, 7e f.li.; Gjalt de Groot, Riepke Glas e.o.) de reid-pakjetou koer (2e,6e f.li.Jinke en Bertus Kuperus), de wylgeteannen koer, (3e,4e fan li; Jan Lautenbach e.o.)